Bruce Venture

Ut Wikipedy
Bruce Venture
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Garrett Don Couto
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 juny 1985
berteplak Fresno (Kalifornje)
etnisiteit Portegeesk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
gjint

Bruce Venture, echte namme Garrett Don Couto (Fresno (Kalifornje), 5 juny 1985), is in Amerikaansk pornografysk akteur fan etnysk Portegeesk komôf. Hy sette yn 2010 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en hat sûnt grutte populariteit witten te winnen.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Venture waard yn 1985 berne yn Fresno, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hy makke yn 2010, doe't er 25 jier wie, syn debút yn in pornografyske film. Fan syn skûlnamme ûntliende er 'Bruce' oan 'e namme fan syn hûn en oan it feit dat er in fan fan akteur en fjochtsporter Bruce Lee is, en 'Venture' oan 'e namme fan 'e middelbere skoalle dêr't er op sitten hat.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Venture tsjin ein 2015 yn 165 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Wicked Pictures, Evil Angel, Hustler Video, Red Light District, Devil's Film, Digital Sin, Adam & Eve en Diabolic Video. Teffens hat Venture wol foar minder bekende studio's wurke, lykas Pure Play Media en Girlfriends Films. Dêrnjonken hat er ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers, Kink.com en PornPros.

Under syn karriêre hat Venture û.m. wurke mei aktrises as A.J. Applegate, Briana Banks, Cassidy Banks, Summer Brielle, Casey Calvert, Mercedes Carrera, Lily Carter, Adriana Chechik, Tiffany Doll, Noelle Easton, Gina Gerson, Dillion Harper, Marica Hase, Tara Holiday, Diamond Jackson, Eva Karera, Diamond Kitty, Lisa Ann, Brandi Love, Valentina Nappi, Trinity St. Clair, Dakota Skye, Saya Song, Puma Swede, August Taylor, Jessie Volt en Jennifer White. Yn 2012 waard er nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste manlike nijynkommeling. Teffens ûntfong er dat jiers in nominaasje foar in XRCO Award yn 'e kategory bêste nije dekhynst.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bruce Venture is blank en hat brune eagen en brún hier. Neffens syn offisjele opjefte is er 1.88 m lang, mei in gewicht fan 84 kg. Hy hat gjin piercings of tatoeaazjes. Syn penis is yn ereksje likernôch 20 sm lang, en falt op trochdat er twakleurich is: de nút en útein, dêr't Venture besnien is, binne tige ljocht fan kleur, wylst de rest fan syn geslachtsdiel frij dûnker is, mei in skerpe demarkaasjeline tusken de beide kleurgebieten.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 AVN Award nominearre bêste manlike nijynkommeling n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste nije dekhynst n.f.t.
2013 AVN Award nominearre ûnderwurdearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste sêne yn in fynjetpublikaasje (mei Jessie Volt) My Sister’s Hot Friend 25
2014 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Adriana Chechik) The Innocence of Youth 5
2015 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei A.J. Applegate) Silhouette
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne yn in gonzofilm (mei Kacy Lane) Pure Vol. 1

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: