Puma Swede

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Puma Swede
Puma Swede 2010.jpg
nasjonaliteit: Flag of Sweden.svg Sweedsk
oare artystenammen: gjint
echte namme: Johanna Jussinniemi
etnisiteit: Flag of Finland.svg Finsk
berne: 13 septimber 1976
berteplak: Stokholm (Sweden)
stoarn: n.f.t.
jierren aktyf: 2004 – no

Puma Swede, echte namme Johanna Jussinniemi (13 septimber 1976), is in Sweedsk stripper, neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Finsk komôf, dy't berne is yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Puma Swede groeide op yn Stokholm as lid fan 'e saneamde Swedenfinske minderheid; sawol har heit as har mem wiene berne yn Finlân. Se wurke as fertsjintwurdichster fan in bedriuw dat kompjûtersystemen ferkocht foardat se furoare makke troch te posearjen foar neakenblêden. Yn 2004 ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, nei wenjen sette. Se naam de artystenamme "Puma Swede" oan; "Swede" ferwiist uteraard nei har heitelân, en "Puma" ûntliende se nei't it skynt oan in sportmodel auto, de Ford Puma.

Koart nei't se yn Amearika oankommen wie, spile se yn har earste pornografyske film, wêrby't se yn 't earstoan inkeld lesbyske sênes die. Yn 2005 makke se har heteroseksuële debút yn 'e hurd pornografyske film School of Hardcore, fan it label AntiInnocence Video, dêr't se doedestiden in fêst kontrakt mei hie. Sûnt hat se yn likernôch 140 pornofilms spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy.

Yn 2008 ferloofde Puma Swede har mei de Amerikaanske pornoakteur Keiran Lee, mei wa't se yn it foarjier fan 2009 troude. Har bêste freondinne is de Oekraynsk-Kanadeeske pornoaktrise Nikki Benz. Yn 2010 hie Puma Swede in kaméoroltsje yn 'e mainstream-Hollywoodfilm The 41-Year-Old Virgin Who Knocked Up Sarah Marschall and Felt Superbad About It.

Prizen en Nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 AVN Award nominearre ynternetstjer fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre ynternetbabe/stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om Utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.