Jessie Volt

Ut Wikipedy
Jessie Volt
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jessy Volt
echte namme Jessie Voft (?)
nasjonaliteit Frânsk
berne 29 maart 1990
berteplak Bordeaux (Akwitaanje, Frankryk)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
jessievolt.net

Jessie Volt, echte namme mooglik: Jessie Voft (ûnwis) (Bordeaux, 29 maart 1990), is in Frânsk pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Jessy Volt (mei in "y"). Neffens har offisjele opjefte is se 1.56 m, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 32B.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Volt is hikke en tein yn it Frânske Bordeaux. Yn 2010 makke se har debút yn in pornografyske film, en sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 69 pornofilms spile, wêrûnder ek guon foar de foaroansteande Amerikaanske labels Evil Angel, Digital Playground, Pure Play Media, Jules Jordan Video, West Coast Productions en Adam & Eve. Teffens hat se wurke foar Jeropeeske studio's fan namme, lykas it Sweedske Private, en it Frânske Vidéo Marc Dorcel en Woodman Entertainment. Dêrmei hat Volt yn 2012 in Spaanske Galaxy Award wûn foar bêste Jeropeeske aktrise, en ek hat se trijeris nominearre west foar in Amerikaanske AVN Award, in priis dy't wol beskôge wurdt as de Oskar fan 'e pornowrâld. Volt hat fierders in byrol yn 'e Frânske mainstream-dramafilm GHB: To Be or Not To Be, fan regisseur Laetitia Masson, dy't útkomme sil yn 2014.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 AVN Award nominearre bûtenlânsk artyste fan it jier n.f.t.
Galaxy Award wûn bêste artyste (Jeropa) n.f.t.
Urban X Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Bobbi Star en Sean Michaels) Anal Buffet 7
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Bobbi Star en Sean Michaels) Anal Buffet 7
2013 AVN Award nominearre bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei 11 oaren) Brazzers Worldwide: Budapest
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne yn in fynjetpublikaasje (mei Bruce Venture) My Sister's Hot Friend 25

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.