Apulje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Apulje
Flagge Wapen
Nog geen vlag
(Details)
Nog geen wapen
Lokaasje yn Itaalje
ItalyPuglia.png
Algemien
Haadstêd Bary
Oerflakte 19.000
Befolking 4.000.000
Befolkingstichtens 210
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Calvo: 1050
Oantal gemeenten 258
Provinsjes Bary, Barletta-Andria-Trani, Brindisy, Foggia, Lesse, Tarente

Apulje (Italjaansk: Puglia) is in regio yn Súdeast-Itaalje, te noardwesten fan en mei de hakke fan de Lears fan Itaalje, lizzend oan de Adriatyske See (Strjitte fan Otranto) en de Ionyske See (ûnder oare Golf fan Tarente) op sa'n 80 kilometer fan de kust fan Albany. Apulje is de meast eastlike regio fan Itaalje. De haadstêd is Bary.

Yn it súdlikste diel fan Apulje, yn de omkriten fan Salento wurdt in protte wyn ferboud werûnder de ferneamde Negroamaro en Primitivo. Yn Apulje wurdt fan Itaalje ek de measte oliven produsearre.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | edit source]

It toeristyske sintrum fan de regio leit yn it uterste noarden op it skiereilân Gargano. Hjir lizze de ferneamde badplakken Fieste, Peskisy en Mattinata. De moaiste keunststêd fan de regio is Lese, dat beskôge wurdt as ien fan de wichtichste barokstêden fan de wrâld. Te súdwesten fan Bary leit Alberobello mei syn bysûndere trully. Dizze wite rûne huzen mei harren kegelfoarmige dakken hawwe dit plak in soad bekendheid jûn.

It binnenlân op de grins mei de regio Basilikata, de Murge is woest, keal en tige tin befolke. De kuststripe tusken Barletta en Brindisy is it tichtst befolke diel fan Apulje en tige yndustrialisearre.

Provinsjes en wichtichste stêden[bewurkje seksje | edit source]

Provinsje Ofkoarting Haadstêd Wichtichste plakken
Bary BA Bary Molfetta, Monopoly, Altamura
Barletta-Andria-Trany BT Barletta, Andria, Trany Kanosa di Puglia, Biskegly
Brindisy BR Brindisy Ostuny, Fasano
Foggia FG Foggia Manfredonia, Serignola, Lusera
Lesse LE Lesse Gallipoly, Nardò
Tarente TA Tarente Martina Franka, Grottagly

Foto's[bewurkje seksje | edit source]

De Murge
Castel del Monte
Gargano



Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Apulje - Basilikata - Kalaabrje - Kampanje - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Latium - Liguerje - Lombardije - Markee - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tirol - Toskane - Umbrje - Falle d'Aosta - Feneto