Strjitte fan Otranto

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Strjitte fan Otranto
Locatie Straat van Otranto.PNG
Lokaasje súd Adriatyske See
See Middellânske See
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte km²
Djipte (maks.) m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte m
Breedte 71 km
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte
Lingte {{{lingte}}}
Oer
Adriatic Sea.jpg
Haven fan Otranto

Het Kanaal fan Otranto of de Strjitte fan Otranto (Italjaansk: Canale d'Otranto, Albanees: Kanali i Otrantos) is in seestrjitte yn de Middellânske See, dy't de ferbining foarmet tusken de Adriatyske See yn it noarden en de Ionyske See yn it sudenin.

Oan de westkust leit it Salentynsk Skiereilân, dat ta de Italjaanse regio Apulje heart. Oan de oare kant leit Albaanje. De seestrjitte is neamd nei de stêd Otranto oan de Italjaanske kant.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Earste Wrâldkriich wie de seestrjitte fan strategysk belang. De alliearde marines fan Keninkryk Itaalje (1861–1946), Tredde Frânske Republyk en Grut Brittanje blokkearren de strjitte mei lichte skippen en licht bewapenene fiskerlju en behinderen sa de Eastenryk-Hongaarske marine om de Middellânske See frij yn en út farren en oan de kriich diel te nimmen.

De blokkade holp lykwols neat tsjin de Dútske ûnderseeboaten dy't operearren út de Adriatyske See wei en in pleach wienen foar de Alliearde ienheden yn it Middellânske-seegebiet.[1]

Yn 1992 tekenen Albaanje en Itaalje in ferdrach dat harren grinzen op it kontinintaal plat yn de seestrjitte dúdlik ôfbeakene.

Ymmigraasjerûte[bewurkje seksje | edit source]

De Strjitte fan Otrante is ek it plak dêr't ylligale ymmigranten út Albaanje wei oerstekke yn flugge rubberboaten.

De oerstek hat de lêste jierren ferskate drama's mei yllegalen oplevere. Yn maart 1997 fergie in skip foar de Italjaanske kust, dêr't 80 Albaneeske flechtlingen by fersûpten. Op 30 desimber 1999 kamen 60 minsken by de oerstek om it libben en op 4 maaie 2000 wienen der 13 slachtoffers nei in oanfarring tusken in Italjaanske plysjeboat en in flechtlingeboat.

Yn it ramt fan in oerienkomst mei Albaanje yn 1998 hat Itaalje in radarstasjon boud op it eilân Sasena, tsjinoer de Albaneeske haven Valona, om it (yllegale) ferkear yn de seestrjitte better folgje te kinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. First World War - Willmott, H.P., Dorling Kindersley, 2003, side 186