Abdij fan Krzeszów

Ut Wikipedy
Abdij fan Grüssau
bouwurk
lokaasje
lân Poalen
woiwodskip Neder-Sileezje
gemeente Kamienna Góra
plak Krzeszów
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1292 (stifting)
boustyl Barok
offisjele webside
en.opactwo.eu

De Abdij fan Krzeszów (Poalsk: Opactwo Cysterskie w Krzeszowie; Dútsk: Abtei Grüssau; Tsjechysk: Klašter Křesobor) is in earder sistersjinzerske abdij yn Krzeszów (Grüssau) yn it Poalske distrikt Kamiennogórski, woiwodskip Neder-Sileezje.

De gebouwen fan de abdij hearre ta it wichtichste barokke kompleks fan Europa en stiet op de nominaasje foar it UNESCO-wrâlderfgoed.

Benediktynske proasdij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wapen fan de abdij

De stifting fan in benediktynske abdij fûn plak troch Anna fan Bohemen, de widdo fan hartoch Hindrik II. It kleaster waard befolke mei muontsen út de abdij fan it kleaster Opatovice yn Bohemen, dat letter troch de Hussitenkrigen ûndergyng. De muontsen hiene as taak it omlizzende lân oan te meitsjen. Yn 1289 wist Anna's beppesizzer hartoch Bolko I de abdij en de kleastergrûn mei in tal doarpen yn syn besit te krijen en hy woe der in sistersjinzersk kleaster fan meitsje.

Sistersjinzersk kleaster 1292-1810[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stiftingsakte foar de sistersjinzerske abdij waard yn 1292 tekene troch Boko I, syn broer Hindrik V en de biskop fan Breslau Jehan III. By it kleaster hearden ek noch ris 14 doarpen en de stêd Liebau mei alle taken, rjochten en plichten en de hartogelike folmacht foar it bloedrjocht, dat yn Liebau sit hie. De stifters woene dat de sistersjinzerske muontsen it gebiet fierder ûntwikkelen en mear delsettings stiften. Al op 7 augustus 1292 stjoerde de abt fan Heinrichau tolve muontsen en in oprjochtingsabt nei Grüssau, dêr hja twa dagen letter oankamen. Yn 1292 fûn de wijing fan de kleastertsjerke plak en in pear jier letter waarden de oare kleastergebouwen foltôge. It grûnbesit naam dêrnei fierder ta en yn de 14e iuw besiet it kleaster al de beide stêden Liebau en Schömberg en hast 40 doarpen. It krige yn de earste helte fan de 15e iuw swier te lijen fan de Hussitenkrigen en oant 1454 moasten kleaster en tsjerke wer renovearre wurde. It tal muontsen rûn yn de tiid fan de reformaasje swier tebek. Ek yn de Tritichjierrige Kriich hie it kleaster slim te lijen fan de politike strideraasjes, mar al gau nei dy tiid fûn it kleaster syn belang op ekonomysk en religieus mêd werom en waard de abdij in sintrum fan de kontrareformaasje yn Sileezje.

Abt Bernhard Rosa makke him tige fertsjinstlik foar de kulturele en religieuze ûnthouwing fan Grüssau. In soad gebouwen en keunstwurken, dêr't bekende keunstners oan wurken, binne yn dy tiid ûnstien. Op it yn 1669 stifte stiftsgymnasium sieten in soad bejeftige learlingen en dêrmei droech it kleaster ek by oan de foarming fan de ûntjouwing. De arts en mystyk dichter Angelus Silesius waard by it printsjen fan syn wurk tige troch it kleaster stipe. Njonken de sielssoarch foar de tolve stiftparochy's leveren de abten en muontsen in grutte bydrage oan de geastlike, kulturele en ekonomyske ûntjouwing fan it stiftsgebiet.

Genebyld
De kleastertsjerke waard yn de twadde helte fan de 18e iuw yn barokke styl ferboud

Sileezje waard nei de Silezyske krigen by Prusen foege. Fanwegen de swiere kriichslêst, dêr't ek de abdij mei te meitsjen krige, koe in nijbou fan it kleaster net earder as ûnder abt Placidus Mundfering (1768–1787) útein set wurde. De nijbou soe foar in part nea hielendal foltôge wurde, om't de abdij troch de Prusyske steat yn it ramt fan de sekularisaasje yn 1810 opheft waard. Grutte dielen fan de bibleteek en in soad keunstwurken kamen yn Breslau telâne, de kleastertsjerke waard in parochytsjerke en oar besittings gyng yn hannen oer fan de Steat.

Yn de professyboeken fan it kleaster binne oer in tiidrek fan 500 jier de libbensdata fan likernôch 50 abten en 400 muontsen optekene. In grut part fan de kleasterbefolking wie ôfkomstich út Neder-Sileezje, benammen út de tolve stiftsparochy's, mar ek út Bohemen. Mar in pear muontsen kamen út Opper-Silezië, wat te meitsjen hie mei de dêr steande abdijen fan Rauden (tsjintwurdich Rudy) en Himmelwitz (Gmina Jemielnica) .

Ynterbellum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Earste Wrâldkriich en it útienfallen fan de Eastenryksk-Hongaarske monargy waarden de Dútske muontsen fan it Emmaüskleaster yn Praach twongen de stêd te ferlitten. Hja ferhûzen yn 1919 nei de lege kleastergebouwen fan Grüssau, dat doe yn de Weimarrepublyk lei. It kleaster krige yn 1924 fan Pius XI de status fan abdij en ûnder abt Albert Schmitt wist de abdij wer út te groeien ta in religieus sintrum.

Fan 1930 oant 1931 waard de ôfbaarnde toer fan de munstertsjerke fernijd en dêrnei folge ek in renovaasje fan de rest fan de gebouwen. Oan 'e wei fan it stasjon nei it kleaster stifte it kleaster yn 1934 in katolike skoalle. Yn 'e hjerst fan itselde jier krige de munstertsjerke nije klokken. Ek de renovaasje fan it genedebyld soarge foar in nije ynpuls fan de beafeart. Sûnt 1938 waarden de gevels fan munstertsjerke en de Sint-Joazeftsjerke renovearre, wêrby't in soad fan de ferware bylden ferfongen en de likernôch 50 fresko's fan de Sint-Joazeftsjerke bleatlein waarden. Troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich eine it wurk net hurd en it duorre oant 1944 doe't de lêste stegers ôfbrutsen wurde koene.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 3 septimber 1940 waarden de kleastergebouwen troch de nazy's yn beslach nommen. Nettsjinsteande in soad protesten moasten alle muontsen harren kleaster ferlitte, ek al skreau de parse dat allinne in sydfleugel fan it kleaster beset waard. It kleaster, no "Lager Grüssau", tsjinne as opfangsintrum foar Folksdútsers út de Bûkovina. Yn oktober 1940 wennen 800 oant 900 Dútsers út de Karpaten yn it Lager Grüssau, dy't dêrnei yn de troch Dútske troepen besette dielen fan Poalen oerbrocht waarden. Sûnt 5 oktober 1941 waarden Silezyske joaden finzen holden, dy't fan 1942 oant 6 febrewaris 1943 yn meardere transporten foar it measte nei Theresienstadt deportearre waarden. Fan maart 1943 oant novimber 1944 wie it kamp ornearre foar deportearre minsken út Loataringen en de Elzas en yn de winter 1944-1945 foar Folksdútsers út Hongarije, dy't as gasten fan de Führer in bysûndere status genoaten. Alle bewenners waarden op 7 maaie 1945 twongen te flechtsjen nei it oanbuorjende Sudetenlân. Op deselde dei waard it beslach op de kleastergebouwen opheven.

Nei 1945[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 12 maaie 1946 waard it kleaster, dat lykas hast hiel Sileezje oan Poalen tawiisd waard en de nije namme Krzeszów krige, troch Poalske benediktynske nonnen yn gebrûk nommen. Hja wiene ferdreaun út de Alderheljenabdij fan Lemberch, dat no yn de Sovjet-Uny kaam te lizzen. As harren geastlike mentor wurke de út Súd-Tiroal stammende prior Nikolaus von Lutterotti, dy't fanwegen syn Italjaanske nasjonaliteit tegearre mei fjouwer oare bruorren mei oare nasjonaliteiten net ferdreaun waarden en oant 1954 ek noed hie foar de sielssoarch fan de noch efterbleaune Dútsers. Om't de prior de Poalske taal net machtich wie, frege er fanwegen de ynkommende Poalske befolking help út it benediktynske prioriaat Tyniec. Om it kleaster Grüssau foar de oarder te behoedzjen namen de benediktinen fan Tyniec de erfopfoling fan Grüssau oer en Von Lutterotti foelen tegearre mei de oare bruorren formeel ûnder Tyniec. Foar it gefal as de Dútske kleastermienskip werom komme soe, soe it kleaster wer oan har weromfalle. De gearwurking tusken Tyniec en Grüssau wie poerbêst en Nikolaus von Lutterotti besiet ek it fertrouwen fan de abdis Janina Szymańska en de prior suster Józefa Jettka, dy't fanwegen harren goede kennis fan it Dútsk in grutte bydrage leveren oan de bêste ferhâldings. Troch de politike feroarings ferlear Grüssau lykwols foar in hiel skoft de betsjutting fan beafeartsplak.

Sûnt 1951 soarge it kommunistyske rezjym foar tanimmende ferfolgings. It ûnderwiis yn religy waard ferbean, tsjerklike struktueren ferdwûnen en it kleasterbesit waard nasjonalisearre. Yn 1953 waarden de sakristy, it argyf en de bibleteek trochsocht, nei't earder al de Geheime Tsjinst it kleaster trochsocht hie. Op 25 maaie 1953 naam in kommisje in grut diel fan de weardefolle barokke paraminten en it noch út de sistersjinzerske tiid datearjende liturgyske reau yn beslach. Yn oktober folgen de weardefolle kleasterbibleteek, it kleasterargyf en de measte keunst- en kultuerhistoaryske saken út it kleaster.

Nei de fal fan it kommunisme yn 1989 waard de religieuze betsjutting as beafeartsplak wer ta. Op 2 juny 1997 waard krige it genedebyld fan Grüssau in kroantsje fan paus Jehannes Paulus II .

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marije-Himelfearttsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel
Mausoleum
Kalvaryberch
Sint-Joazeftsjerke
Kleastergebouwen

De Marije-Himelfearttsjerke waard al yn 1292 troch de biskop fan Breslau, Jehannes Romka, ynwijd. Op it plak waard ûnder abt Innozenz Fritsch yn de jierren 1728-1735 in barokke tsjerke boud. Oan de bou wurken de bekendste keunstlers fan Bohemen, Moraavje, Eastenryk en Beieren mei. De tsjerke waard yn 1998 troch Jehannes Paulus II de status fan basilyk ferliend.

  • Yn de tsjerke binne fresko's fan Georg Wilhelm Neunhertz, in pakesizzer fan Michael Willmanns.
  • It architektonyske haadalter mei in mannichte ingels dat it krús oanbid is in ûntwerp fan F.M. Brokoff. It skilderij fan Marije-Himelfeart is in wurk fan Peter Johann Brandl.
  • De preekstoel út 1736 is fan Anton Stenzel út Schömberg en waard yn 1761 troch J. A. Lachel mei bylden fan de Hillige Trije-ienheid en reliëfs fan de tsjerkefaars fersierd.
  • It mei hilligen en profeten fersierde koerstuolte datearret út de jierren 1730–1735 en waard boud troch F.M. Brokoff und A. Dorazil. E
  • De oargelgalerij wurdt folslein troch de oargelkas opfolle. It ûntwerp fan de bylden is fan F.M. Brokoff, de útfiering troch A. Dorazil, dy't ek de twa ingels mei wijwetterskalen ûnder de oargelgalerij makke.
  • Yn de sakristy steane noch ryk fersierde barokke kasten mei ynliswurk.

Foarstenkapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Foarstenkapel waard yn de jierren 1735-1747 boud en heart ta de moaiste barokke mausolea. De koepel hat in trochsnit fan 9,4 meter en de fresko's stelle de skiednis fan de abdij foar. Oan de westlike muorre binne de twa goatyske sarkofagen fan de hartogen Bolko I († 1301) en Bolko II († 1368). Oan de súdlike muorre stiet in renêssânse tombe foar W. von Zedlitz.

Loretokapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Loretokapel waard yn 1728 troch Martin Schuppert stifte. De alterbylden stamme út it atelier fan A. Dorazil. It byld fan de Madonna fan Loreto datearret fan 1676 en is foar de foargonger fan de hjoeddeiske kapel makke troch Georg Schrötter .

Sint-Joazeftsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noardwestlik fan de Marije-Himelfearttsjerke stiet de Sint-Joazeftsjerke (Kościół bracki Św. Józefa). Abt Bernhard Rosa joech opdracht ta de bou en waard tusken 1692-1695 op it plak fan de midsiuwske parochytsjerke boud. De muorreskilderings yn de tsjerke binne makke troch Georg Wilhelm Neunhertz. It besjen wurdich binne ek it haadalter, de sydalters, de eastlike sydkapel mei de foarstelling fan de sân smerten en westlike sydkapel mei de sân freugden fan Joazef, de preekstoel en de twa skilderijen fan it giseljen en "Ecce Homo" op de súdlike muorre fan de galerij.

Kleastergebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Súdlik fan de Marije-Himelfearttsjerke steane de kleastergebouwen, dy't yn 1662 ferhege waarden. De nijbou neffens it ûntwerp fan Johann Gottlieb Feller fan de jierren 1774-1782 waard mar foar in part foltôge troch't de Prusyske steat de abdij ophefte. Yn it âldere diel is de goatyske kapittelseal út it midden fan de 15e iuw. De twa ferdjippings tellende bibleteek mei in klassisistyske ynrjochting is te finen yn de eastlike risalyt.

It kleastertsjerkhôf is oanlein yn twa terrassen, dy't troch in trep mei in krusigingsgroep fan de byldhouwer Johann Georg Gode († 1758) mei inoar ferbûn wurde. Yn de tsjerkhôfmuorre binne ferskillende renêssânse epitafen ynbrocht. It barokke gastenhûs fan de abt waard yn 1734 westlik fan de Joazeftsjerke boud. It ûntwerp is mooglik fan Joseph Anton Jentsch. Dêrnjonken stie de kleasterkânslerij en súdlik fan de poarte leine de kleasterbouwerij en de kleasterapoteek.

Op in hichte eastlik fan de abdij leit de ruïne fan de Annakapel, dy't yn 1722 boud waard en nei in brân yn 1884 op 'e nij boud waard. De kapellen fan de kalvaryberch waarden yn 1675-1678 yn opdracht fan abt Bernhard Rosa fan hout boud en yn 1703 ûnder abt Dominicus Geyer troch stiennen kapellen ferfongen. De kalvaryberch hat meiïnoar 32 staasjes. Yn 1682 waard it passyboek fan Grüssau printe mei dêryn de gebeden by de staasjes.

Twa kilometer wêst fan Grüssau leit it doarp Bethlehem, foarhinne in stiftsgoed fan Grüssau. It besjen wurdich dêr binne de yn 1674, neffens it foarbyld fan de kapel fan it Augustinenkleaster fan Praach boude, Kapel fan de Bertegrot fan Jezus en it yn 1730 oanleine wetterpaviljoen fan de abten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Grüssau