Springe nei ynhâld

Ürzig

Ut Wikipedy
Ürzig
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Bernkastel-Wittlich
Sifers
Ynwennertal 899 (2022)
Oerflak 6,04 km²
Befolkingsticht. 149 ynw./km²
Hichte 104 m
Oar
Postkoade 54539
Koördinaten 49° 58' N 7° 0' E
Offisjele webside
uerzig.de
Kaart
Ürzig (Rynlân-Palts)
Ürzig

Ürzig is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts yn 'e lânkring Bernkastel-Wittlich.

Ürzig is in Ortsgemeinde en makket diel út fan de Verbandsgemeinde Bernkastel-Kues.

Tusken Ürzig en Zeltingen-Rachtig leit de 158 meter hege Hochmoselbrücke.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoaryske kearn fan Ürzig bestiet út lytse steegjes en hoekjes mei fakwurkhûzen út de 16e en de 17e iuw. De Maternustsjerke en de fakwurkhûzen oan it riedshûsplein is beskerme doarpsgesicht.

Oarspronklik stiene der trije kastielen op it doarpsgebiet, werfan't ien noch as ruïne oer is. Oan 'e resten fan in wachttoer noardeastlik fan it doarp is in sinneklok oanbrocht. Fierder is it barokke Himmeroder Hof, oarspronklik in úthôf fan it kleaster Himmerod, it besjen wurdich.

Yn juny 2005 waard in krûdentún oanlein (Ürziger Gewürzgarten), dêr't sa 10.000 planten besteande út mear as 160 soarten waakse.

  • Edmund Conen (1914-1990), fuotballer en trainer
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ürzig fan Wikimedia Commons.