Sint-Maternustsjerke (Ürzig)
Sint-Maternustsjerke | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
landkreis | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Maternusstrasse | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | Toer 15e iuw tsjerke 1866 | |
offisjele webside | ||
Side Parochymienskip Treis-Karden |
De Sint-Maternustsjerke (Dútsk: Pfarrkirche St. Maternus) is in katolike parochytsjerke yn Ürzig, in plak oan de Mûzel yn de Dútske lânking Bernkastel-Wittlich (Rynlân-Palts). De tsjerke waard yn 1866-1867 boud en is in beskerme monumint.
Skiedis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bekend is dat yn de 13e iuw Ürzig in kapel hie. Yn 1475 waard yn in fisitaasjeberjocht oer in tsjerke skreaun, werfan't it skip fanwegen brekfalligens nei 1712 fernijd waard. By de nijbou tusken 1866-1867 fan de oan de hillige Maternus wijde tsjerke bleau de midsiuwske toer bewarre. Maternus wie biskop fan Keulen, Tongeren en Trier en dêrom wurdt de hillige fakentiden mei trije tsjerken útbylde.
Oant let yn de 20e iuw hie Ürzig njonken in eigen preester noch in iermislêzer, dy't wenne yn it oan de tsjerke boud hûs foar iermislêzers, dat hjoed-de-dei troch de parochy brûkt wurdt. Ürzich wie in selsstannige parochy, mar falt tsjintwurdich ûnde de parochymienskip Bernkastel-Kues.
Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De goatyske toer datearret nei alle gedachten út de 15e iuw. Yn de toer hingje trije brûnzen klokken út 1452, 1467 en 1494. Om't de tsjerke op in helling boud waard stiet de basis fan de toer ûnder it nivo fan de strjitte. Oan de noardlike en súdlike kant fan de toer binne lytske neogoatyske portalen tafoege.
De earste stien fan de tsjerke waard yn 1866 lein. Oan de alterkant is oan de bûtenkant dy stien te sjen. Doopfont, bychtstuollen en it hek fan de sakristy binne fan de barokke foargonger oernommen. Oan it eastlik portaal is in krusigingsgroep út it jier 1618 te sjen.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel waard troch Heinrich Voltmann yn 1867 yn de nije tsjerke boud en yn 2013 restaurearre. It hat 21 registers op twa manualen en pedaal.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|