Ürzig

Ut Wikipedy
Ürzig
Ürzig in WIL.svg Lokaasje Ürzig yn Bernkastel-Wittlich
Flagge Wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG DEU Ürzig COA.svg
Sifers
Ynwennertal 913 (31.12.2020)
Oerflak 6,04 km²
Befolkingstichtens 151 / km²
Hichte 104 m
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
Lânkring Flagge Landkreis Bernkastel-Wittlich.svg Bernkastel-Wittlich
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 59´N 7° 0´E
Webside uerzig.de

Ürzig is in plak yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts yn de lânkring Bernkastel-Wittlich.

Ürzig is in Ortsgemeinde en makket diel út fan de Verbandsgemeinde Bernkastel-Kues.

Tusken Ürzig en Zeltingen-Rachtig leit de 158 meter hege Hochmoselbrücke.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ürzig BW 2020-07-26 12-59-12.jpg

De histoaryske kearn fan Ürzig bestiet út lytse steegjes en hoekjes mei fakwurkhûzen út de 16e en de 17e iuw. De Maternustsjerke en de fakwurkhûzen oan it riedshûsplein is beskerme doarpsgesicht.

Oarspronklik stiene der trije kastielen op it doarpsgebiet, werfan't ien noch as ruïne oer is. Oan de resten fan in wachttoer noardeastlik fan it doarp is in sinneklok oanbrocht. Fierder is it barokke Himmeroder Hof, oarspronklik in úthôf fan it kleaster Himmerod, it besjen wurdich.

Yn juny 2005 waard in krûdentún oanlein (Ürziger Gewürzgarten), dêr't sa 10.000 planten besteande út mear as 160 soarten waakse.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Edmund Conen (1914-1990), fuotballer en trainer