Hochmoselbrücke

Ut Wikipedy
De Hochmoselbrücke

De Hochmoselbrücke (Frysk: Oppermûzelbrêge) is in 1,700 meter lange brêge oer de Mûzel súdlik fan Ürzig en noardlik fan Zeltingen-Rachtig yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

De brêge waard op 21 novimber 2019 foar it ferkear iepene en foarmet in ûnderdiel fan it nije trajekt "Hochmoselübergang". De Hochmoselübergang is in ûnderdiel fan de Bundesstraße 50 tusken it krúspunt Wittlich en Longkamp en likernôch 25 kilometer lang.

De brêge is maksimaal 158 meter heech en wurdt troch 10 betonnen pylders droegen. De kosten foar de bou bedroegen om de 175 miljoen euro. It hiele projekt Hochmoselübergang koste 480 miljoen euro.

De bou fan de brêge waard útfierd troch in konsortium fan bedriuwen: Eiffel Deutschland Stahltechnologie en Porr Technobau und Umwelt GmbH.