Springe nei ynhâld

Blauboarstke

Ut Wikipedy
blauboarstke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai gealtsjes (Luscinia)
soarte
Luscinia svecica
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


It blauboarstke (Luscinia svecica) is soarte út de famylje fan de miggesnappers (Muscicapidae), ûnderfamylje paapkes (Saxicolinae).

It blauboarstke is in fynboude fûgel mei in fine skerpe snaffel lykas alle ynsekteniters. It mantsje is goed wer te kennen oan syn blau boarst mei dêrom hinne in swart en readbrune boarstbân. De wyfkes misse de opfallende blauwe kleur.

It blauboarstke komt yn grutte dielen fan Jeropa foar, mar ek yn Aazje en sels yn Alaska en it westen fan de Yukon. It is in trekfûgel dy't yn Súd-Spanje, Noard-Afrika as yn it suden fan Aazje oerwinterje. In Nederlân nimt it oantal briedende blauboarstkes al jieren ta, foaral yn de "nije" briedgebieten Oostvaardersplassen en it Lauwersmar. Yn en krekt bûten Fryslân is it blauboarstke it machtichst yn tal yn de Alde Feanen en de Wieden/Weerribben.

Aaien fan it blauboarstke.

Der binne 11 ferskillende rassen (of ûndersoarten) te ûnderskieden: it readstjerblauboarstke (Luscinia svecica svecica), mei in read kielplak, komt yn it noarden fan Jeropa en yn de Alpen foar. It wytstjerblauboarstke (Luscinia svecica cyanecula), mei in wyt plak op de kiel, komt yn de rest fan Jeropa foar. It Kaukasusblauboarstke fan ûnder oaren Turkije (Luscinia svecica magna) hat gjin apart plak yn it blauwe boarst.

Yn maaie leit it wyfke 6 oant 7 blaugriene aaikes mei readbrune stippen. De aaikes wurde troch beide âlden yn sa'n fjirtjin dagen útbret.

Commons Commons: Blauboarstke (Luscinia svecica) – foto, fideo en harktriemmen

SOVON - Blauwborst