Yusra Mardini
Yusra Mardini | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Yusra Mardini (يسرى مارديني) | |
nasjonaliteit | Syrysk | |
bertedatum | 5 maart 1998 | |
berteplak | Damaskus (Syrje) | |
etnisiteit | Syrysk-Arabysk | |
gewicht | 53 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | swimmen | |
ûnderdiel | frije slach; flinterslach; wikselslach | |
O.S. | Rio de Janeiro 2016 | |
debút | ±2006 |
Yusra Mardini (Arabysk: يسرى مارديني; Damaskus, 5 maart 1998) is in Syrysk swimster dy't yn 2015 har heitelân ûntflechte en no yn Berlyn wennet. Hja naam yn augustus 2016 diel oan 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro as lid fan it Olympysk Flechtlingetiim.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mardini waard yn 1998 berne yn 'e Syryske haadstêd Damaskus, út âlden dy't hearden ta de kristlike minderheid yn Syrje. Hja groeide op yn Damaskus en die fan jonge jierren ôf mei oan wedstrydswimmen. Yn 2012 fertsjintwurdige se har heitelân op it wrâldkampioenskip swimmen yn it Turkske Istanbûl, dêr't se meidie oan 'e ûnderdielen 200 m wikselslach, 200 m frije slach en 400 m frije slach.
Under de Syryske Boargeroarloch waard it hûs fan Mardini en har âlden yn 2015 ferwuostge. Yn augustus fan dat jier besleat hja tegearre mei har suster Sarah om it lân te ûntflechtsjen. Fia Libanon berikten se Turkije, dêr't se minskesmokkelders betellen om yn in boatsje mei oare flechtlingen oerfearn te wurden nei Grikelân. De boat wie bedoeld foar maksimaal 6 of 7 minsken, mar der waarden 20 man ynproppe. Doe't midden op 'e Egeyske See de bûtenboardmotor it bejoech en de boat wetter begûn te meitsjen, giene Mardini, har suster en de twa oare flechtlingen dy't swimme koene te wetter en treaune se de boat trije oeren lang oant se it strân fan it Grykske eilân Lesbos berikten. Neitiid reizgen Mardini en har suster oer de Balkan troch nei Dútslân, dêr't se har yn septimber 2015 yn Berlyn nei wenjen setten. Harren âlden wisten fia deselde rûte Jeropa te berikken, en libje no ek yn Dútslân.
Nei har oankomst yn Dútslân ferfette Mardini har trening by de swimferiening Wasserfreunde Spandau 04 yn Berlyn, yn 'e hope om har te kwalifisearjen foar de Olympyske Spullen. Dat slagge foar de ûnderdielen 100 m frije slach en 100 m flinterslach, mar net foar de 200 m frije slach. Om't se de Dútske nasjonaliteit (noch) net hie, wie Mardini yn juny 2016 ien fan tsien sporters út fjouwer ûnderskate lannen dy't útornearre waarden om mei te dwaan oan 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro as lid fan it Olympysk Flechtlingetiim. Op in ynternasjonale parsekonferinsje dy't ein july holden waard, fierde Mardini, dy't goed Ingelsk sprekt, it wurd foar it flechtlingetiim.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|