Ynjebetinking

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ynjebetinking
Indiëherdenking
Ynjebetinking logo.jpg
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
gemeente Flag of The Hague.svg De Haach
plak Flag of The Hague.svg De Haach
holden yn de Skeveningske Boskjes
datum 15 augustus
bysûnderheden
oare namme Nasjonale Betinking
   15 augustus 1945
oanlieding Twadde Wrâldoarloch
   yn Nederlânsk-Ynje
soarte evenemint betinking
bestean 1980 – no
org. troch Stifting Betinking
   15 augustus 1945
offisjele webside
www.indieherdenking.nl

De Ynjebetinking (Nederlânsk: Indiëherdenking), offisjeel eins de Nasjonale Betinking 15 augustus 1945 (Nederlânsk en offisjeel: Nationale Herdenking 15 augustus 1945), is in nasjonale betinking yn Nederlân wêrby't de Twadde Wrâldoarloch yn 'e eardere Nederlânske koloanje Nederlânsk-Ynje en de gefolgen dêrfan betocht wurde. Yn it ramt fan dizze betinking wurdt elts jier op 15 augustus, de deis fan 'e kapitulaasje fan Japan, in plechtige seremoanje holden by it Yndysk Monumint yn De Haach.

Betinking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Ynjebetinking wurdt betocht:

Ek wurdt omtinken jûn oan:

  • de saneamde Bersiap, de perioade fan in machtsfakuum yn Nederlânsk-Ynje fuort nei de Japanske oerjefte, wêryn't de Nederlanners de kampen net ferlitte koene om't se dan om hals brocht wurde soene troch Yndonezyske nasjonalisten, wylst Yndo-Nederlanners en Sinezen twongen wiene har taflecht yn 'e kampen te sykjen;
  • de ferdriuwing fan sa'n 300.000 Nederlanners, Yndo-Nederlanners en Sinezen út it ûnôfhinklik wurden Yndoneezje yn 1949 en folgjende jierren.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lange tiid waard yn Nederlân inkeld oandacht bestege oan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa en de Dútske besetting fan Nederlân, dy't betocht waarden en wurde op 4 maaie, by de Nasjonale Deadebetinking. Pas yn 1970 waard foar it earst en foar ien kear, op inisjatyf fan yr. G.S. Vrijburg, in betinking fan 'e oarloch yn Nederlânsk-Ynje holden. Dêrby wiene keninginne Juliana, prinsesse Beatrix en prins Claus oanwêzich.

Yn 1980 waard foar de organisaasje fan in jierliks weromkearende Ynjebetinking de Stifting Betinking 15 augustus 1945 oprjochte (Nederlânsk en offisjeel: Stichting Herdenking 15 augustus 1945). Prins Bernhard waard beskermhear fan dy stifting. Datselde jiers fûn yn oanwêzichheid fan keninginne Beatrix en prins Claus foar it earst in grutskalige betinkingsseremoanje plak.

Neitiid waard de betinking jierliks op wikseljende plakken yn Nederlân organisearre oant keninginne Beatrix yn 1988 it troch Jaroslawa Dankova makke Yndysk Monumint ûntbleate oan Prof. Teldersweg yn 'e Skeveningske Boskjes te De Haach. Fan dy tiid ôf wie dat it plak fan 'e Ynjebetinking. Yn 1999 erkende it kabinet-Kok II de datum 15 augustus 1945 as de offisjele ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch foar it Keninkryk fan 'e Nederlannen. Fan dat stuit ôf waarden op 15 augustus de flaggen by alle oerheidsgebouwen healstôk hyst.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: