Ynjebetinking
Ynjebetinking Indiëherdenking | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
gemeente | De Haach | |
plak | De Haach | |
holden yn | de Skeveningske Boskjes | |
datum | 15 augustus | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Nasjonale Betinking 15 augustus 1945 | |
oanlieding | Twadde Wrâldoarloch yn Nederlânsk-Ynje | |
soarte evenemint | betinking | |
bestean | 1980 – no | |
org. troch | Stifting Betinking 15 augustus 1945 | |
offisjele webside | ||
www.indieherdenking.nl |
De Ynjebetinking (Nederlânsk: Indiëherdenking), offisjeel eins de Nasjonale Betinking 15 augustus 1945 (Nederlânsk en offisjeel: Nationale Herdenking 15 augustus 1945), is in nasjonale betinking yn Nederlân wêrby't de Twadde Wrâldoarloch yn 'e eardere Nederlânske koloanje Nederlânsk-Ynje en de gefolgen dêrfan betocht wurde. Yn it ramt fan dizze betinking wurdt elts jier op 15 augustus, de deis fan 'e kapitulaasje fan Japan, in plechtige seremoanje holden by it Yndysk Monumint yn De Haach.
Betinking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Ynjebetinking wurdt betocht:
- de Japanske ynfal yn Nederlânsk-Ynje, dy't op 8 maart 1942 einige mei de kapitulaasje fan it KNIL;
- de Japanske besetting fan Nederlânsk-Ynje, fan 1942-1945, mei yn 't bysûnder:
- de ynternearring fan likernôch 100.000 boargers, foar it meastepart fan Nederlânsk of oare Jeropeesk komôf, mei dêrûnder sa'n 60.000 bern, yn 'e saneamde jappekampen en de poerminne behanneling dy't har dêr ta diel foel;
- de ynternearring fan 42.000 kriichsfinzen nommen militêren yn wurkkampen dêr't se ûnminsklik swiere twangarbeid ferrjochtsje moasten wylst se poermin behannele waarden;
- de behanneling fan 'e saneamde romusha's, lânseigen manlju út Nederlânsk-Ynje dy't mei help fan 'e lânseigen lieders mei falske ûnthjitten troch de Japanners ronsele waarden foar wurk oan spoarlinen en oare projekten, en yn in sitewaasje telâne kamen dy't frijwol gelyk stie oan twangarbeid en wêrby't inkele miljoenen fan harren omkamen;
- de wreedheid en eigenwille fan 'e Japanske besetters dêr't de 'bûtenkampse' befolking fan Nederlânsk-Ynje ûnder de besetting oan bleatstie;
- de kapitulaasje fan Japan op 15 augustus 1945.
Ek wurdt omtinken jûn oan:
- de saneamde Bersiap, de perioade fan in machtsfakuum yn Nederlânsk-Ynje fuort nei de Japanske oerjefte, wêryn't de Nederlanners de kampen net ferlitte koene om't se dan om hals brocht wurde soene troch Yndonezyske nasjonalisten, wylst Yndo-Nederlanners en Sinezen twongen wiene har taflecht yn 'e kampen te sykjen;
- de ferdriuwing fan sa'n 300.000 Nederlanners, Yndo-Nederlanners en Sinezen út it ûnôfhinklik wurden Yndoneezje yn 1949 en folgjende jierren.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lange tiid waard yn Nederlân inkeld oandacht bestege oan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa en de Dútske besetting fan Nederlân, dy't betocht waarden en wurde op 4 maaie, by de Nasjonale Deadebetinking. Pas yn 1970 waard foar it earst en foar ien kear, op inisjatyf fan yr. G.S. Vrijburg, in betinking fan 'e oarloch yn Nederlânsk-Ynje holden. Dêrby wiene keninginne Juliana, prinsesse Beatrix en prins Claus oanwêzich.
Yn 1980 waard foar de organisaasje fan in jierliks weromkearende Ynjebetinking de Stifting Betinking 15 augustus 1945 oprjochte (Nederlânsk en offisjeel: Stichting Herdenking 15 augustus 1945). Prins Bernhard waard beskermhear fan dy stifting. Datselde jiers fûn yn oanwêzichheid fan keninginne Beatrix en prins Claus foar it earst in grutskalige betinkingsseremoanje plak.
Neitiid waard de betinking jierliks op wikseljende plakken yn Nederlân organisearre oant keninginne Beatrix yn 1988 it troch Jaroslawa Dankova makke Yndysk Monumint ûntbleate oan Prof. Teldersweg yn 'e Skeveningske Boskjes te De Haach. Fan dy tiid ôf wie dat it plak fan 'e Ynjebetinking. Yn 1999 erkende it kabinet-Kok II de datum 15 augustus 1945 as de offisjele ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch foar it Keninkryk fan 'e Nederlannen. Fan dat stuit ôf waarden op 15 augustus de flaggen by alle oerheidsgebouwen healstôk hyst.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |