Springe nei ynhâld

Wâldsteppe

Ut Wikipedy
De Eastjeropeeske Wâldsteppe.

In wâldsteppe of bosksteppe is in biotoop dy't bestiet út in flakte mei gerslân dat út en troch ûnderbrutsen wurdt troch stikken bosk.

Wâldsteppes komme benammen foar yn 'e tuskenbeiden klimaatsône op it noardlik healrûn, yn 't bysûnder yn Jeraazje. Se foarmje dêr in oergongsgebiet tusken de sône mei tuskenbeiden mingd wâld oan 'e noardkant en de sône mei tuskenbeiden gerslân oan 'e súdkant. In grut diel fan 'e noardeastlike Oekraïne en in oansjenlik part fan sintraal Jeropeesk Ruslân hearre ta dit lânskipstype. It komt ek foar yn 'e súdlike Oeral, it oanslutende diel fan westlik Sibearje, yn it Russyske Fiere Easten en yn Mantsjoerije.

Yn Sintraal-Aazje komme wâldsteppes foar op it Iraansk Plato yn Iraan, Afganistan en Pakistan, en om it Altaiberchtme yn súdlik Sibearje, eastlik Kazachstan en westlik Mongoalje hinne. Yn East-Jeropa binne der lytse stikjes wâldsteppe op 'e eastlike skeanten fan 'e Karpaten en oan 'e rânen fan 'e Pannoanyske Flakte. Yn Noard-Amearika foarmet it Espeparklân yn Sintraal-Kanada, noardeastlik Britsk-Kolumbia, Noard-Dakota en Minnesota as in tinne wâldsteppebân de oergong fan 'e prêrjes fan 'e Grutte Flakten nei de taiga noardlik dêrfan.

In wâldsteppelânskip op it Wolgaplato by de Russyske stêd Saratov.

Yndividuele wâldsteppes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.