Springe nei ynhâld

Wynmotor Weidum 2

Ut Wikipedy
De Wynmotor Weidum 2 yn 2009

De Wynmotor Weidum 2 is in poldermole yn it doarp Weidum, yn de gemeente Littenseradiel, dy't yn of omtrint 1925 boud waard.

De mole is in seisblêdige Amerikaanske wynmotor fan it type Record-8, dy't boud waard troch de firma Bakker yn Drylts. It is it ienichste oerbleaune eksimplaar fan dit type yn Nederlân. De mole stiet oan de súdrâne fan Weidum oan de Hegedyk. Hy waard boud foar de bemealling fan in stik lân fan 1,5 ha, dat ûntstie neidat oan de ein fan de njoggentjinde iuw de terp fan de Borniastate ôfgroeven wie. Omdat de mole net mear funksjonearre, tocht de partikuliere eigener der oer om him te slopen. De gemeente Littenseradiel naam dêrom it inisjatyf foar in restauraasjeplan, wêrby't ek It Pleatselik Nut út Weidum belutsen waard. De de mole is in ryksmonumint sûnt 5 april 2004.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: