Springe nei ynhâld

Wynmotor Turns

Ut Wikipedy
Wynmotor Turns (2008)

De Wynmotor Turns is in poldermole en ryksmonumint by it doarp Turns yn de gemeente Wymbritseradiel.

Dizze mole, dy't in pear hûndert meter ten súdeasten fan Turns oan de Frjentsjerter Feart stiet, is in mealreeë Amerikaanske wynmotor. Hy waard yn 1922 boud foar it bemealen fan de Turnserpolder as ferfanger fan in oantal lytsere moles. De mole is in wynmotor fan it type Herkules Metallicus en waard makke by de Vereinigte Windturbine Werke AG yn Dresden. De 30 blêden hawwe in flecht fan 10m. Hy waard troch it destiidske Wetterskip Skearnegoutum c.a. kocht by de hannelsmaatskippij R.S. Stokvis en Soan yn Rotterdam. Sûnt de jierren '60 kin de fizel fan de motor ek troch in elektromotor oandreaun wurde. De mole, sûnt 1999 in ryksmonumint, is eigendom fan it Wetterskip Fryslân. Hy is net iepene foar publyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]