Springe nei ynhâld

Wybe Bernhardus Buma

Ut Wikipedy
Wybe Bernhardus Buma (1817)
Jan Hendrik Matthijsen

Wybe (Wibo) Bernhardus Buma (Ljouwert, 7 maart 1807 - Weidum, Borniastate, 8 april 1848) wie in Nederlânsk jurist en bestjoerder.

Buma wie in soan fn Mr. Bernhardus Buma (1770-1838) en Rolina Maria Hora Siccama, frouwe fan Klinckema (1773-1826). Hy studearre rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins en promovearre yn 1830. Hy wie dêrnei efterelkoar waarnimmend griffier fan it fredegerjocht yn Dronryp 1830-1831 en Ljouwert 1831-1834.[1] Hy wie dêrnjonken ek advokaat. 1834 troude er Joanna Elisabeth baronesse van Haersolte (1813-1864). Harren soan Bernhardus Jouke Buma waard boargemaster fan Himmelumer Aldeferd en Noardwâld.

Buma folge 1834 syn heit op as grytman fan Baarderadiel. Teffens wie er dyksdeputearre fan it Wetterskip "Vijf Deelen Binnendijks" en lid fan de Twadde Keamer 1840-1844. Hy waard 1844 Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Fan 1845 oant syn ferstjerren wie er lid van de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Buma stoar yn de âldens fan 41 jier en waard beïerdige op it begraafplak fan de famylje Buma yn Weidum.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederland's Patriciaat, 1993