Springe nei ynhâld

Breslau

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wroclaw)
Breslau
Flagge Wapen
Polityk
Lân Poalen
Woiwodskip Neder-Sileezje
Sifers
Ynwennertal 634.487 (2014)
Oerflak km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 2.200 / km²
Stêdekloft 1.164.600 (2014)
Hichte 105-155 m
Oar
Stifting 10e iuw
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.wroclaw.pl

Breslau (Poalsk en offisjeel: Wrocław) is in stêd in it súdwesten fan it hjoeddeiske Poalen. Breslau is de belangrykste histoaryske stêd fan Sileezje en leit oan de rivier de Oder. Breslau is de fjirds grutste stêd fan Poalen.

De stêd is yn de histoarje bekend as Breslau om't it as part fan Sileezje oant 1945 yn Dútslân lei.

Breslau yn de 17e iuw

Breslau is de haadstêd fan de Woiwodschaft Nedersileezje en is stêdsdistrikt en regearstee fan de provinsje mei de selde namme. De stêd fungearet as residinsje fan in roomske aartsbiskop en in evangelyske diosesaanske biskop. Der binne ferskate skoallen foar fuortset ûnderwiis en ûndersyksintrums en ek teaters en museums. It is derom dan ek it kulturele en wittenskiplike sintrum fan it folsleine gebiet fan Sileezje. Breslau leit oan de Oder yn in wichtich lân- en mynbougebiet en is ek op it gebiet fan masinebou en metaalyndustry fan betsjutting.

Breslau is de haadstêd fan de histoaryske regio Sileezje, en wie fan 1919 oant 1945 de haadstêd fan de nijfoarme Pruisyske Provinsje Nedersileezje en derfoar residinsjestêd en haadstêd fan de provinsje Sileesje, en ek yn de Nasjonaal-Sosjalystyske tiid boppedat de haadstêd fan de ryksgau Neder- en Middensileezje. Nei't Breslau yn 1945 by Poalen foege waard en yn it stee fan de ferdreaune Dútske bewenners Poalen kamen as kolonisten of om't hja ûnder twang ferdreaun wienen, foar in part út Lemberch en oare stêden fan it eardere East-Poalen, waard it Woiwodschaftshaadstêd - ynearsten fan de ek Woiwodschaft mei deselde namme, en sûnt 1999 fan it Woiwodschaft Neder-Sileezje.

Al yn 1840 kaam it ynwennertal boppe de 100.000 ynwenners, sa dat Breslau doe al in grutte stêd wie; Yn de 20ste iuw wie it in hiele tiid op twa nei grutste stêd fan Dútslân nei Berlyn en Hamboarch.

Breslau