Springe nei ynhâld

Wizen út it Easten

Ut Wikipedy
Skilderij fan de Oanbidding (Janez Šubic, 1877)

De Trije Keningen of, neffens de protestanske tradysje, de Wizen út it Easten binne de yn it berteferhaal yn it evangeelje fan Mattéus neamde gelearden, dy't harren troch in stjer, komeet of ljocht liede lieten nei it plak dêr't Jezus yn Betlehem berne is. Yn it Nije Testamint wurde hja gjin keningen neamd en likemin wurdt der wat sein oer it oantal fan har. Dy eigenskippen binne sûnt de foarming fan in grut tal leginden yn de 3e iuw oan it ferhaal tafoege. De yn de Tsjerke fan it Westen bekende nammen Kaspar, Melchior en Balthasar komme net earder as yn de 6e iuw oan de oarder.

Yn de roomske tsjerke wurde de trije keningen as hilligen fereare. Harren heechfeest falt op it feest fan de Ferskining fan de Hear (Epifany) op 6 jannewaris. As dy dei op in wurkdei falt wurdt it feest op de earste snein nei 1 jannewaris fierd. Ek yn de protestanske tradysje wurdt de epifany dan betocht.

Evangeelje fan Mattéus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it twadde haadstik fan it evangeelje fan Mattéus wurdt yn it ferhaal fan de berte fan Jezus Kristus yn Bethlehem skreaun oer de ferearing fan de Messias troch magiërs út it easten (Gryksk: Μάγοι ἀπὸ ἀνατολῶν. Dêr stiet: Doe't Jezus dan ûnder it regear fan kening Herodes te wrâld kommen wie te Bethlehem yn Judeä, kamen der út it easten wei wize mannen nei Jeruzalim. Dy fregen: "Wêr is de kening fan de Joaden te finen dy't koartlyn te wrâld kommen is? Wy hawwe syn stjer sjoen yn it easten en dêrom binne wy kommen om him hulde te dwaan" (Mattéus 2:1-2).

De wize mannen wurde yn de orizjinele Grykske tekst fan it evangeelje fan Mattéus Magoi (Gryksk inkelfâld μάγος (magos), mearfâld μάγοι (magoi)) neamd. It Grykske wurd magos is wer ôflaad fan it Aldperzyske maguŝ fan it Avestyske magâunô, de taal fan de religieuze kaste fan de soroästristen. De prysters fan dy kaste joegen as ûnderdiel fan harren religy altiten in soad omtinken oan it lêzen fan de stjerren, itjinge harren in ynternasjonale reputaasje op it mêd fan astrology oplevere. Dêrom binne der nei alle gedachten galdeeske of perzyske astrologen bedoeld. Harren religy en tapassing fan astrology soargen der foar dat út de term magy betsjuttings ûnstiene, dy't op okkulte saken tapast waarden, alhoewol't it Soroästrisme neat fan tsjoenderij hawwe moast.

De wizen út it easten folgen in stjer, in komeet of in ljocht dy't de berte fan in kening oankundige. Mooglik hiene de wizen kontakten mei de joadske mienskip fan Babylon en wisten de wizen dat in stjer de komst fan in kening oankundigje soe (Numeri 24:17: Der sil in stjer út Jakob opkomme, in septer út Israel). Oer de fraach hokker stjer dat west hawwe kin is in soad debatearre. Guon gelearden miene dat de stjer ek in komeet, in konjunksje of in supernova west hawwe kin, mar in soad kristenen geane der fan út dat it in tydlik en boppenatuerlik ljocht west hat, dat de wizen eksakt nei it plak brocht dêr't Jezus berne wie.[1]

De stjer hat net de hiele tiid ljocht jûn en ferdwûn of dôve tydlik út, want yn Jeruzalim oankommen moasten de wizen freegje wêr't hja wêze moasten om de krekt berne kening fan de Joaden hulde te bringen. It berjocht dat der wizen yn Jeruzalim wiene dy't sochten nei de "kening fan de Joaden" kaam ek by kening Herodes oan en dy rekke dêrtroch slim fan slach.

De slachting fan de ûnskuldigen (Nicolas Poussin)

Hy naam it nijs tige earnst en rôp alle hegeprysters en wetsgelearden by inoar en joech har de opdracht om út sykjen wêr't de Kristus berne wurde soe. Nei't dy him anderen dat it plak neffens de profesij Bethlehem yn Judea wêze moast, liet kening Herodes de wizen by him komme. Hy joech harren de opdracht om fierder te sykjen. Sadree't hja it plak wisten, woe de kening dat ek graach wite, sadat hy it jonkje ek hulde bringe koe. Sa tocht kening Herodes de wizen ferifelje te kinnen, want de kening hie oare plannen en akseptearre gjin konkurrinsje. Earder hie der al syn twa populêre soannen Aleksander en Aristobulus ombrocht en hy woe ek grif dit bern út de wrâld romje.

Doe't de wizen Jeruzalim ferlieten en fierder reizgen kaam it teken oan de himel wer tefoarskyn en brocht harren nei it plak dêr't Jezus berne wie. De wizen troffen Marije mei Jezus oan en brochten Jezus de hulde en offerden Him goud, mirre en wijreek. Om't se wisten dat Herodes fan doel wie om Jezus te fermoardzjen, gyngen hja net werom nei him om te fertellen wêr't hja Jezus fûn hiene en namen in oar paad om nei hûs te gean.[2]

Om wis te wêzen dat de oansteande kening fan de Joaden it net oerlibje soe, liet Herodes dêrnei alle jonkjes fan ûnder de twa jier deadzje. Yntusken wiene Joazef, Marije en Jezus al ûnderweis nei Egypte. Mei de bernemoard yn Bethlehem waard neffens Mattéus de profesij fan de profeet Jeremia ferfolle: Hark, yn Rama klinkt in lûde klacht, in bitter skriemen, Rachel skriemt om har bern, hja wol har net treaste litte want se binne wei (Jeremia 31:15). Rachel lei begroeven yn Bethlehem.

Trije Keningen-tradysje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stjersjongers (Jan Miense Molenaer)

Yn de roomsk-katolike tradysje wurde de wizen faak as keningen foarsteld. Der is lykwols gjin ferwizing yn it evangeelje fan Mattéus dat de konklúzje rjochtfeardiget dat de manlju dy't de stjer folgen hearskers wiene. De foarstelling fan keningen is koppele oan profesijen yn it Alde Testamint, dêr't yn Jesaja 60:3, Psalm 68:29 en Psalm 72:10 skreaun wurdt dat keningen de Messias hulde bringe sille. Yn it ljocht fan dy profesijen joegen de earste lêzers fan Mattéus de wizen de status fan keningen. Om 500 hinne wie de tradysje dat de wizen keningen wiene alhiel ynboargere.

Yn de Tsjerke fan it Westen krigen de keningen de nammen Kaspar, Melchior en Balthasar, nammen dy't foar it earst opdûkten yn in kronyk út 500 út Aleksandrje, dat letter fanút it Gryksk yn it Latynske Excerpta Latina Barbari waard oerset.[3] Neffens in algemiene útlis representearje de magirs de wrâld fan de heidenen. Hja sykje nei de krekt berne "Kening fan de Joaden", in begryp dat by Mattéus allinne troch heidenen brûkt wurdt (sjoch ek Mattéus 27:11, 27:29, 27:37). Ynstee dêrfan brûke de Joaden yn it evangeelje fan Mattéus jimmeroan it begryp "Kening fan Israel" (Mattéus 27:42). Ek steane de trije keningen model foar de doe bekende dielen fan de wrâld: Jeropa, Aazje en Afrika of ferskate fazen yn it libben: in jonge Kaspar, Balthasar dy't yn de krêft fan syn libben is en in âlde Melchior. In oare tradysje stelt Balthasar foar as de kening fan Araabje, Melchior as de kening fan Perzje en Kaspar as de kening fan Yndia. Sa binne der meardere tradysjes ûntstien en ek ferskate nammen foar de hilligen. Yn it Etiopyske kristendom krigen de keningen de nammen Hor, Karsudan en Basanater, wylst de Armeenske katoliken Kagpha, Badadakharida en Badadilma. In soad sjineekse kristenen leauwe dat ien fan de magirs út Sjina stamt. Syryske kristenen neame de keningen Larvandad, Gushnasaph en Hormisdas, nammen dy't wol folle Perzysjer oandogge, mar likemin it bewiis fan autentisiteit besitte.

In leginde wol ha dat de keningen letter doopt binne troch de apostel Tomas.

By de reformaasje waard yn Fryslân de kalvinistyske fariant fan it protestantisme ynfierd. Tenei waard Trije Keningen as tsjerklike feestdei skrapt en dêrmei waarden ek tradysjes as it stjersjongen stadichoan útband. Allinnich yn de tradisjoneel katolike provinsjes fan Nederlân lykas Limburch en Noard-Brabân komt it stjersjongen noch foar.

Jehannes Kalvyn oer de wizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jehannes Kalvyn hie net in soad op mei de Trije Keningen-tradysje. Yn syn bydrage oer it besyk fan de wize manlju oan Jezus skreau de teolooch: It is bekend dat Perzen en Galdeeërs astrologen en filosofen de namme magirs joegen. De evangelist hat lykwols net in oantal fêstlein. Dêrom is it better dat yn it ûnwisse te litten, dan wat twifelriedich is oan te nimmen as wissichheid. Papisten binne yn de bernige fout trape troch oan te nimmen dat it der trije wiene, omreden dat Mattéus skreau dat hja goud (1) mirre (2) en wijrweek (3) brochten. Mattéus skriuwt lykwols nearne dat elk fan harren syn eigen geskink joech. Earder liket de evangelist te sizzen dat dy trije jeften mienskiplik jûn waarden. Chrysostomos skriuwt dat it der fjirtjin wiene. It is likemin wierskynlik as it oare tal. Mooglik komt it út in foarâlderlike tradysje, mar soks hat gjin hecht fûnemint. De meast healwize útfynst fan de papisten oer dit ûnderwerp is lykwols dat dy manljy keningen wiene, om't hja earne oars in passaazje fûnen, dat de keningen fan Tarsjisj en de lannen oan 'e see en fan Skeba Him skatting bringe soene (Psalm 72:10).

Oer de fraach oft it in natuerlike stjer west hat dy't de wizen nei harren bestimming brocht, skreau Kalvyn dat dat nea it gefal west hawwe kin. De stjer gedroech har ommers net neffens de natoerlike oarder. Sa wie de stjer ynienen foar in beskate tiid fuort om wat letter wer fûl te baarnen en de magirs de rjochte koers nei Bethlehem te wizen en dêr lang om let boppe it plak dêr't Kristus berne wie stil te stean. Sokke eigenskippen wiene neffens Kalvyn net ta te skriuwen oan in natuerlike stjer. Syn konklúzje wie dat it earder in komeet west hawwe moat en dat de magirs op syn minst holpen binne troch in iepenbiering fan God sels.[4]

It alter fan de Keulse dom mei de skryn fan de Trije Keningen

De Dom fan Keulen is it tradisjonele plak dêr't de reliken fan de trije wizen wurde bewarre. It soe de hillige Helena, de mem fan Konstantyn de Grutte, west ha dy't de reliken op reis nei it Hillige Lân fûn hat. Hja naam de reliken mei nei de Hagia Sofia yn Konstantinopel.

In ferzje fan de detaillearre útwurking dêrfan is foar ús útjûn troch de 14e ieuske geastlike Jan fan Hildesheim. Yn syn Historia Trium Regum (Skiednis fan 'e Trije Keningen) wurdt de oanwêzigens fan de reliken yn Keulen ferklearre. Hy begjint mei de reis fan Helena nei Jeruzalim, dêr't se it Wiere Krús en oare reliken ûntdiek.

"Keninginne Helena ... begûn te tinken oan 'e lichems fan dizze trije keningen, en hja makke har op en gyng, begelaat troch in grut gefolch, nei it lân fan Ynd... Nei't hja de lichems fan Melchior, Balthasar en Kaspar fûn hie, die keninginne Helena se yn in kiste, dy't hja mei grutte rykdom fersiere liet, en se brocht se nei Konstantinopel ... en lei se yn in tsjerke dy't Sint-Sofia hjit".

Letter kamen de reliken yn Milaan telâne en troch de hillich-roomske keizer Freark I waarden se yn 1164 nei Keulen stjoerd, dêr't se noch jimmeroan binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Biblical Magi