Springe nei ynhâld

Oerlis:Wizen út it Easten

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Romke, jo neamde de Wizen konsekwint 'magir'. Myn wurdboeken hawwe allinne 'magiër'. Hoe sit dat? Groetn. Drewes (oerlis) 12 des 2017, 17.16 (CET)[beäntwurdzje]

Ik siet der sels ek mei yn de mage. De wizen wiene gjin magiërs, dat wurd komt te ticht by tsjoenders en dat wiene hja net. Ik hie earne yn in Nederlânsktalige tekst it wurd magir fûn en dat ha ik by eintsjebeslút oernommen. Mar eins fyn ik it net moai en hope earlik sein dat immen op in better wurd kaam. --RomkeHoekstra (oerlis) 12 des 2017, 20.14 (CET)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ik haw myn Fryske bibel efkes rieplachte. Yn Mattéus 2 hawwe de oersetters it oer 'wize mannen'. Ik soe at ik jo wie 'magir' gewoan ferfange troch 'wizen'of 'wize mannen'. Drewes (oerlis) 12 des 2017, 20.47 (CET)[beäntwurdzje]
Bêst genôch--RomkeHoekstra (oerlis) 13 des 2017, 07.48 (CET)[beäntwurdzje]