Witte Molen (Sint-Niklaas)
Wite Mûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | East-Flaanderen | |
plak | Sint-Niklaas | |
adres | Gladiolenstraat 2 | |
koördinaten | 51° 09' N 4° 09' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | bultmûne | |
funksje | nôtmûne | |
boujier | 1696 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Gem. Sint-Niklaas | |
Kaart | ||
De Wite Mûne (Witte Molen) is in wynmûne yn de Belgyske stêd Sint-Niklaas. De mûne stiet oan de Gladiolenstraat yn it Priesteragiekertier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wite Mûne is in stiennen bultmûne mei in achthoekige romp út 1696 en waard stifte op de grûn fan de doetiidske abdis fan de Abdij fan Roosenberg. Oarspronklik wie it in oaljemûne, dy't yn 1850 omboud waard ta in nôtmûne. Yn 1943 krige de mûne de status fan beskerme monumint.
Oant 1976 bleau de mûne jimmeroan yn partikuliere hannen. Yn dat jier naam de stêd de mûne oer. Fan 1981 oant 1982 folge in restauraasje fan de mûne. Nei dy restauraasje waard de mûne skeind troch in stoarm, mar yn 1985 folge de reparaasje.
In folgjende restauraasje waard fan 2004 oant april 2006 útfierd. By dy restauraasje waard de mûne ek wer mealree makke.
De Wite Mûne waard yn 2013 troch de Flaamske oerheid ûnderskieden mei de priis 'aktive mûne'.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Witte Molen (Sint-Niklaas)
|