Springe nei ynhâld

Wite Tsjerkje (Groet)

Ut Wikipedy
Wite Tsjerkje
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Groet
adres Kerkbrink 1
koördinaten 52°43'N 4°40'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1738
monumintnûmer 33834 (tsjerke)
33835 (toer)
Webside
PKN-gemeente
Kaart
Wite Tsjerkje (Noard-Hollân)
Wite Tsjerkje

It Wite Tsjerkje is it tsjerkegebou fan it Noard-Hollânske Groet. De tsjerke is fan 'e Protestantske gemeente Skoarl-Groet-Camp.

It ienfâldige tsjerkegebou stiet op in terp. It is in ienskippich tsjerkje mei in tonferwulft en in houten, achthoekich tuorke.

Sûnt 1805 diele de herfoarmen fan Groet en Skoarl ien dûmny, dy't de iene snein yn it iene en de oare snein yn it oare doarp preket. Oan 'e ein fan 'e 20e iuw binne de herfoarmen en grifformearden fan 'e doarpen wer byinoar gien.

De tsjerke is sûnt 1972 in ryksmonumint.

Kammenetoargel.

Sûnt 1913 hat de tsjerke in kammenetoargel. De kast en in part fan 'e pipen binne fan likernôch 1750. De bouwer fan it ienmanualige ynstrumint mei sân registers is net bekend.

Foar de tsjerke oer stiet in histoarysk gebou, dat bekend stiet as de 'Wite Hûskes'. It gebou bestiet út ferskillende dielen en tsjinne foarhinne as wente, riedshûs en finzenis. Sûnt de ein fan 'e 20e iuw is de protestantske gemeente eigner, dy't it gebou foar aktiviteiten brûkt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: