Springe nei ynhâld

Wim Stroetinga

Ut Wikipedy
Wim Stroetinga
sporter
Wim Stroetinga (2019)
Wim Stroetinga (2019)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeWim Stroetinga
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum23 maaie 1985
berteplakDrachten
etnisiteit Frysk
lingte1.78 m
gewicht69 kg
sportive ynformaasje
sportHurdfytsen
ûnderdielDykhurdfytsen,
Baanhurdfytsen
O.S.Peking 2008
Londen 2012
Rio de Janeiro 2016
debút2002
karriêre-ein2020
wichtige prestaasjes
2x silver Wrâldkampioenskippen 2007, 2008
1x brûns Wrâldkampioenskippen 2012
2x brûns Europeeske kampioenskippen 2016, 2019

Wim Stroetinga (Drachten, 23 maaie 1985) is in earder Frysk hurdfytser. Hy is de jongere broer fan maratonrider Arjen Stroetinga.

Hy liet foar it earst fan him hearre yn 2002, doe't hy wrâldkampioen scratch by de junioaren waard. Twa jier letter waard hy op dit ûnderdiel Nederlânsk kampioen yn de eliteklasse. De folgjende twa jierren wist hy dizze titel te prolongearjen. Yn 2006 waard hy yn Athene Jeropeesk kampioen by de beloften.

Sûnt 2007 makket hy diel út fan it Ubbink - Syntec Cycling Team. Op de Wrâldkampioenskippen baanfytsen 2007 helle hy syn earste grutte ynternasjonale priis by de senioaren: hy wûn op de scratch it sulver efter Kam-Po Wong út Hongkong. Dy syn ferrassende ûntsnapping wie krekt net yn te heljen, mar Stroetinga fersloech mei syn einsprint de rest fan it fjild. Tidens it Wrâldkampioenskip yn Melbourne, Austraalje wist Stroetinga him te kwalifisjearjen foar de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen.

Yn septimber 2020 makke Stroetinga bekend te stopjen mei hurdfytsen as professional.[1]

2006

2006

  • Europeesk Kampioen Endurance Omnium
Boarnen, noaten en/as referinsjes: