Springe nei ynhâld

Willibrord

Ut Wikipedy
De hillige Willibrord

Willibrord, ek Willibrordus (658 - 7 novimber 739), wie in Angelsaksysk biskop, dy't bekend stie as de "Apostel fan de Friezen."

Willibrord waard berne yn Northumbria (Ingelân) as soan fan tige kristlike âlden, dy't noch net sa lang lyn ta it kristlike leauwen bekeard wienen. As sânjierrige jonge fertroude syn heit, Wilgis, him ta oan it kleaster fan Ripon (flakby York) as oblaat. De heit fan Willibrord sels waard hearremyt.

Yn Ripon groeide Willibrord op ûnder ynfloed fan Sint-Wilfridus (Egbert), de biskop fan York. Dizze biskop wie, oars as de doe yn Grut-Brittanje hearskende Katolyk-Keltyske tradysje, in foarstanner fan de Roomske line.

Doe't Willibrord 20 jier âld wie, gong er fuort nei it "Eilân fan de Hilligen", (Ierlân). Dêr moast er him ûnderwerpe oan tige strange tucht yn it kleaster fan Rathmelsigy. Hy waard yn 688 as preester wijd. Fûl mei de geast fan "peregrinatio", en mei de winsk om de heidenkse folken fan dy tiid te bekearen, stiek hy yn 690 mei alve maten oer nei it Jeropese festelân. Hy kaam oan lân by Katwyk en ferkundigde dêr it evangeelje oan de heidenske Friezen.

Yn 690 reizge er mei tolve oaren, wêrûnder Werenfried fan Elst, nei de Fryske kening Redbad om syn foarbyld Jesus Kristus te folgjen dy't ek omreizge om de blide boadskip te ferkundigjen. Hy besocht it heidenske Fryske ryk dat fan de Weser (Noard-Dútslân oant de Swin yn Belgje rûn. It Fryske heidendom waard krekt as by oare Germaanske folken sterk bepaald troch natuerferearing, mei hillige beammen en stiennen en wetter as libbensboarne. Yn de ûnstiene leginden oer de apostel spilen de wetterboarne en putten in wichtige rol, omdat Willibrord tsjinoer de natueurferearing fan de Friezen Kristus sette as ienige en ivige boarne.

Yn tsjinstelling ta de missymetoade fan de Iersk-Skotske muontsen, dy't by de evangelysaasje gjin systeem brûkten, organisearre Willibrord syn missy tige pragmatysk en goed trochtocht. Sa socht hy earst de beskerming by Pippyn II, dy't de Fryske kening Redbad oer de Ryn ferdreaun hie, en fersekere er himsels fan de pauslike goedkarring doe't er nei twa swiere reizen yn 695 yn Rome oankaam. Hy waard troch Paus Sergius I as aartsbiskop fan de Friezen wijd, wêrby Utert him tawiisd waard as syn haadsit.

Troch oanrikkemendaasje fan Peppyn waard Willibrord fan de Frankyske eallju ek in protte lân skonken, dêr't er hiel wat tsjerken en kleasters bouwe mei bouwe koe. Sa krige hy yn 698 de earste helte fan it grutte bûten fan Irmina, abdis flakby Trier en mem fan Plektrudis, de frou fan Peppyn. Doe't Peppyn him letter ek it oare part fan it bûten joech, wie Willibrordus by steat om de abdij fan Echternach te stiftsjen, it plak dêr't hy syn missytochten nei it Fryske ryk ta, en sels nei Denemarken en Thuringia (Turingen yn Dutslân) ta tariede.

Willibrord hie lykwols by de Friezen te krijen mei in soad tsjinslaggen. Dizze tsjinslaggen wienen der benammen it gefolch fan dat er him fersekere hie fan de stipe fan Pippyn, en dêrom de Fryske kening Redbad net oan syn kant fûn. Hjiroan kaam earst in ein doe't Karel Martel nei de dea fan kening Redbad, de Friezen ferslein hie. Yn 719 krige Willibrord selskip fan Bonifatius, dy't nei in ferbliuw fan trije jier nei oare heidenkse Germaanske lannen luts om dêr it evangeelje te ferkundigjen.

De metoade dy't Willibrord brûkt hat om it evangeelje by de Friezen te bringen wie feitlik fernederjend foar harren. Hy socht politike en militêre stipe by de grutste tsjinstanner fan it Fryske ryk ûnder kening Redbad, nammentlik by it doe al kristlike Frankyske ryk. Benammen hofmeier Pippyn wie Willibrord syn grutte beskermhear.

  • A.G. Weiler, Willibrords missie. Christendom en cultuur in de zevende en achtste eeuw, Hilversum, 1989;
  • K. van Gulik, e.o., Willibrord tussen Ierland en Rome. Een bundel historische en muzikaal-liturgische bijdragen, Utrecht, 1995;
  • A.H. de Jong, e.o, Woest en ledig? Nederland vòòr Willibrord, Hilversum, 1995;
  • Catalogus tentoonstelling Museum Het Catharijneconvent, Willibrord en het begin van Nederland, Utrecht, 1995.