William Heinesen
William Heinesen | ||
skriuwer | ||
William Heinesen op in Fêreuske postsegel út 1988. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Andreas William Heinesen | |
nasjonaliteit | Fêreusk | |
berne | 15 jannewaris 1900 | |
berteplak | Tórshavn (Fêreu-eilannen) | |
stoarn | 12 maart 1991 | |
stjerplak | Tórshavn (Fêreu-eilannen) | |
etnisiteit | Deensk Fêreusk | |
wurk | ||
taal | Deensk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, berneboeken, poëzij | |
perioade | 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Noatun Det Gode Håb Her Skal Danses | |
prizen | Lit.priis fd Noardske Rd. 1965 Fêreuske Literatuerpriis 1975 Karen Blixenmedalje 1985 Lytse Nobelpriis 1987 | |
jierren aktyf | 1921 – 1991 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
William Heinesen (folút: Andreas William Heinesen; Tórshavn, 15 jannewaris 1900 – dêre, 12 maart 1991), wie in Fêreusk skriuwer fan romans, koarte ferhalen en berneboeken, dichter, oersetter, keunstskilder, keunstkritikus en komponist. Hoewol't er inkeld yn it Deensk skreau, is er de wichtichste auteur dy't de Fêreu-eilannen ea fuortbrocht hawwe. Dat er de Fêreuske taal net genôch yn 'e macht hie om dêr yn te skriuwen, mei't it net syn memmetaal wie, ûnderfûn Heinesen sels as in gebrek. Syn ynfloed op 'e moderne Fêreusktalige literatuer is lykwols net te oerskatten, en dêrnjonken hat er in grutte rol spile yn 'e ûntwikkeling fan 'e moderne keunst op 'e eilannen.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heinesen waard yn 1900 berne yn 'e Fêreuske haadstêd Tórshavn, as de soan fan Fêreuske heit en in Deenske mem. In grut part fan syn jonkheid brocht er troch yn Denemark, en hy waard Deensktalich grutbrocht, wat er letter as in manko begûn te sjen, mei't er himsels as Fêreuster beskôge. Hy skreau sadwaande yn it Deensk, al is letter syn hiele oeuvre fan sân romans, sân ferhalebondels en sân dichtbondels oerset yn it Fêreusk (en teffens yn withoefolle oare talen). Syn earste dichtbondel publisearre er yn 1921, doe't er 21 jier wie. Syn earste roman, Blæsende Gry ("Wynderige Moarnsdage"), ferskynde yn 1934. Hy wie der ûnwis oer, en lies it boek fan kaft oant kaft foar oan syn freon, de skilder Sámal Joensen-Mikines. Syn twadde boek, Noatun (It Nije Hiem), dat yn 1938 útkaam, hied er mear súkses mei, mar it bekendst is syn roman De Fortabte Spillemænd ("De Weiwurdene Muzikanten"), út 1950.
Oant 1954 dreau Heinesen in hannelsfirma yn Tórshavn, dêr't er hast syn hiele folwoeksen libben trochbrocht. Hy waard ferneamd om syn útspraak dat Tórshavn foar him "de nâle fan 'e wrâld" wie. Nettsjinsteande syn oarstalichheid, ûntjoech er him yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw ta ien fan 'e foaroanmannen fan 'e Fêreuske nasjonale beweging, dy't it yn 1948 slagge om foar de Fêreu-eilannen folslein selsbestjoer ûnder de Deenske Kroan te krijen (likernôch sa't Kurasao, Arûba en Sint-Marten dat binnen it Nederlânske keninkryk hawwe).
Nei Karen Blixen is Heinesen de meast oersette Deensktalige skriuwer út it tiidrek 1900-1940. Yn 1965 waard him as earste Fêreuster de Literatuerpriis fan de Noardske Ried takend foar syn roman Det Gode Håb ("De Goede Hope"). Njonken Rói Patursson is er de iennichste Fêreuster dy't dy eare ea ta diel fallen is. Fierders wûn er yn 1975 de Fêreuske Literatuerpriis; yn 1980 de Deenske Kritisypriis foar Literatuer (Kritikerprisen) foar syn roman Her Skal Danses ("Der Sil Dûnsjen Wêze"); yn 1985 de Karen Blixenmedalje fan 'e Deenske Akademy; en yn 1987 de Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy, dy't ek wol de "Lytse Nobelpriis" neamd wurdt. Yn 1981, doe't er nominearre wie foar de Nobelpriis foar de Literatuer, giene der geroften dat de kar foar dy eare ek echt op him fallen wie. Dêrop skreau er de Sweedske Akademy om syn (troch oaren bewurkmastere) kandidatuer yn te lûken. Letter lei er út wêrom't er dat dien hie: "It Fêreusk wie foarhinne net yn tel – sterker noch, it waard planút ûnderdrukt. Nettsjinsteande dat hat it Fêreusk in grutte literatuer skepen, en it soe net mear as reedlik west hawwe en jou de Nobelpriis oan in auteur dy't yn it Fêreusk skriuwt. As er lykwols oan my jûn wie, soed er nei in auteur gien wêze dy't yn it Deensk skriuwt, en bygefolch soe it Fêreuske krewearjen om in ûnôfhinklike kultuer te skeppen in snútslach krigen hawwe." Heinesen stoar yn 1991 te Tórshavn, yn 'e âlderdom fan 91 jier.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1934 - Blæsende Gry ("Wynderige Moarnsdage")
- 1938 - Noatun
- Fryske oersetting: It Nije Hiem (fert. Gerryt Dykstra, 1972)
- 1949 - Den Sorte Gryde ("De Swarte Tsjettel")
- 1950 - De Fortabte Spillemænd ("De Weiwurdene Muzikanten")
- 1952 - Moder Syvstjerne ("Mem Sânstjerte")
- 1964 - Det Gode Håb ("De Goede Hope")
- 1976 - Tårnet ved Verdens Ende ("De Toer oan Ierdryks Ein")
Ferhalebondels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- oarspronklike útjeften
- 1957 - Det Vingede Mørke ("It Wjukte Tsjuster")
- 1957 - Det Fortryllede Lys ("It Betsjoende Ljocht")
- 1960 - Gamaliels Besættelse ("Gamaliël fan de Duvel Beset")
- 1967 - Kur mod Onde Ånder ("In Middeltsje foar Kweade Geasten")
- 1970 - Don Juan fra Tranhuset ("Don Juan fan it Walfiskoaljefabryk")
- 1980 - Her Skal Danses ("Lit Der Dûnsjen Wêze")
- 1985 - Laterna Magica ("Laterna Magica")
- lettere werútjeften
- 1973 - Fortællinger fra Thorshavn ("Teltsjes út Tórshavn)
- 1975 - Grylen og Andre Noveller ("De Gryla en Oare Ferhalen")
Dichtbondels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- oarspronklike útjeften
- 1921 - Arktiske Elegier og Andre Digte ("Arktyske Treurdichten en Oare Fersen")
- 1924 - Høbjergningen ved Havet ("Ungetiidzjen by de See")
- 1927 - Sange mod Vårdybet ("Sangen yn it Djipst fan de Maityd")
- 1930 - Stjernerne Vågner ("De Stjerren Untweitsje")
- 1936 - Den Dunkle Sol ("De Dûnkere Sinne")
- 1961 - Hymne og Harmsang ("Hymnen en Sangen fan Lulkens")
- 1972 - Panorama med Regnbue ("Panorama mei Reinbôge")
- lettere werútjeften
- 1955 - Digte i Udvalg ("Utkeazen Fersen")
- 1983 - Vinterdrøm: Digte i Udvalg 1920-30 ("Winterdream: Utkeazen Fersen 1920-1930")
- 1984 - Samlede Digte ("Samle Fersen")
- 1990 - Digte ("Fersen")
Prizen en oar earbetoan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1960 | Holbergmedalje (Deenske literatuerpriis) | wûn | n.f.t. | oeuvre |
1965 | Literatuerpriis fan de Noardske Ried | wûn | n.f.t. | Det Gode Håb |
1975 | Fêreuske Literatuerpriis | wûn | bêste fiksje | oeuvre |
1980 | eareboargerskip fan Tórshavn | beneamd | n.f.t. | fertsjinsten as auteur |
Deenske Resinsintepriis foar Literatuer (Kritikerprisen) | wûn | n.f.t. | Her Skal Danses | |
1984 | Berneboekepriis fan de Gemeente Tórshavn (Barnabókaheiðursløn Tórshavnar býráðs) |
wûn | n.f.t. | oeuvre |
1985 | Karen Blixenmedalje (fan 'e Deenske Akademy) | wûn | n.f.t. | oeuvre |
1987 | Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy ("Lytse Nobelpriis") |
wûn | n.f.t. | oeuvre |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |