Fêreuske Literatuerpriis
Fêreuske Literatuerpriis | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Fêreusk | |
útrikt foar | literatuer | |
útrikt troch | gemeente Tórshavn | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Tórshavn | |
ynsteld | 1958 |
De Fêreuske Literatuerpriis is in jierliks útrikte Fêreuske priis foar literatuer, dy't yn 1958 ynsteld is troch de gemeenterie fan 'e Fêreuske haadstêd Tórshavn. Dizze priis stiet ek wol bekend as de Mentanarvirðisløn M.A. Jacobsens ("M.A. Jacobsen Kultuerpriis"), nei de Fêreuske bibletekaris en politikus Mads Andreas Jacobsen, in boargemaster fan Tórshavn en Fêreusk parlemintslid dy't dêrnjonken jierrenlang oan it haad stie fan 'e Nasjonale Bibleteek fan de Fêreu-eilannen (doedestiden yn it Deensk de Færø Amts Bibliotek, mar neitiid omneamd yn it Fêreusk ta de Landsbókasavnið).
Yn 't earstoan wie de Fêreuske Literatuerpriis inkeld foar skriuwers fan fiksje, mar fânôf 1969 waard der in twadde kategory foar non-fiksje tafoege, en fanôf 1983 in trêdenien om erkenning te skinken oan oare kulturele prestaasjes. De beide literêre kategoryen binne bedoeld foar literatuer fan 'e Fêreu-eilannen, en net inkeld foar Fêreusktalige literatuer. Yn 2012 wie oan 'e priis in jildbedrach fan 35.000 Deenske kroanen ferbûn. De bekendste winner fan 'e Fêreuske Literatuerpriis yn 'e fiksjekategory is de (Deensktalige) skriuwer William Heinesen. Foar in folsleine list fan alle winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |