Willem Wilstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Skâns mei de rêdingsboaten Insulinde en Gebroeders Luden
Het Zeegat uit

Willem Wilstra (Boarnburgum, 25 novimber 1940), is in (maritym) fotosjoernalist út Drachten. Hy hat in nautysk advysburo.

Nei in tiid by de kustfeart kaam Wilstra by rêdingsmaatskippij KNZHRM.

Yn desimber 1964 begûn Willem as stjoerman op de Insulinde op De Skâns neidat Klaas Toxopeus mei pensjoen gien wie. Siep Zeeman wie skipper en publisearre ek foto's. Letter waard Wilstra skipper op de Gebroeders Luden (1964-1971).

Yn syn frije tiid wie Wilstra freelance fotograaf foar lokale kranten en fakblêden as De Schuttevaer. Hy makke sa'n 5000 swart-wyt negativen yn de Dongeradielen en de Waadsee.

Ein 2011 ferskynde syn boek Het Zeegat uit. It jout in oersjoch fan syn tiid op see tusken 1960-1980 yn de foarm fan 300 swart-wyt foto's. It earste eksimplaar fan it boek waard oanbean oan steatssekretaris Joop Atsma en trije sinjearde boeken wienen der foar keninginne Beatrix, kroanprins Willem Alexander en foar Pieter van Vollenhoven. Dy wienen alris troch Wilstra op de foto setten doe't se op de Gebroeders Luden meifarden.

Boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Het zeegat uit, De Vrije Uitgevers, 215 siden, oktober 2011 ISBN 978-9081677615
  • Troch it Lauwerseach/Deurt Lauwersoog, (Frysk/Grinzersk), KFFB nr. 189 en It Grunneger Bouk. In fotoboek fan sa' n 100 siden mei bypassende gedichten fan û.o. David Hartsema en T.E. Douma de Vries. E.S. de Jong hat it gearstald.
  • Garnalenvissers van Wad en Gat, fotoboek mei koarte teksten. Novimber 2018

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: