Oranjekoeke: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der stikjes fan makke. It wie oars in ydee en meitsje foto's fan ûnderskate oaranjekoeken.
Rigel 1: Rigel 1:
[[Image:Oranjekoek.jpg|thumb|280px|Fryske oranjekoeke]]
[[Image:Oranjekoek.jpg|thumb|280px|Stikjes Fryske oranjekoeke]]
'''Oranjekoeke''' is in Fryske spesjaliteit, in traktaasje by bysûndere gelegenheden.
'''Oranjekoeke''' is in Fryske spesjaliteit, in traktaasje by bysûndere gelegenheden.



De ferzje fan 23 jun 2020 om 14.07

Stikjes Fryske oranjekoeke

Oranjekoeke is in Fryske spesjaliteit, in traktaasje by bysûndere gelegenheden.

In oranjekoeke is in plaat fan koeke, mei oer de boppekant rôze glazuer. Dit wurdt almeast fersiere mei krêm, mei dêrop fruchtsjes en hjir en dêr in sûkelaadsje. De koeke wurdt ôfmakke mei karamellearre sinesappelrasp dêroerhinne.

Kleur

De namme oranjekoeke jout gauris wat betizing om't de koeke rôze is troch de glazuer. Oranje ferwiist lykwols nei dy stikjes sinesappelskyl (snipels) dy't der op lizze. Ut en troch wurde der oranjekoeken makke dy't wier oranje binne. Dat hat dan almeast in ferbân mei it Keningshûs.

Untwikkeling

Yn de earste helte fan de 20e iuw wie dit in rûne koeke, sûnder folling of krêm. Yn it midden fan de iuw is der in krêmfersiering opkaam, en sûnt de santiger jierren wurdt de koeke almeast folle mei spiis. Dy selde tiid is de krêm foar it meastepart ferfongen troch slachrjemme. Ek is de foarm no gauris rjochthoekich. De feroarings hawwe al gefolgen hân foar de hâldberens: de koeke sels kin moannen hâlde, mar fral de krêm en slachrjemme wurde gau ferkeard.

Traktaasje

De koeke wurdt opdield yn stikjes, likernôch sa grut as in taartsje, en oanbean by de kofje of tee. Eartiids wie dit in koeke fral foar op in trouwerij, mar no is it in wat gewoanere traktaasje wurden.

Grutste koeke

De aldergrutste oranjekoeke ea, is op 27 maaie 2006 makke troch de bakkers fan Snits. Hja bakten in koeke fan 117,5 kante meter.

 
Fryske bakkersprodukten

brune koeke · drabbelkoek · dúmkes · keallepoat · oranjekoek · soetelief · steur · sûkerbôle · sûkerlatte · Switsersk taartsje · wite koeke