Roarik: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
 
No edit summary
Rigel 12: Rigel 12:
Yn [[867]] kamen de Friezen tsjin de hearskippy fan Rorik yn opstân, der't hy tydlik Fryslân ferlitte moast. Lykwols socht Rorik tanadering by de Frankyske keningen [[Karel de Kale]] en [[Lodewyk de Dútser]] en waard yn [870]] fan beiden in [[fazal]]. Hy stopte mei it hâlden fan plondertochten en krige dertroch syn Fryske lien tebek. Hy bekearde him ta it [[kristendom]] en kaam te ferstjerren yn [[880]]. Hy waard opfolge troch [[Godfried de Wytsing|Godfried]], de soan fan Harald.
Yn [[867]] kamen de Friezen tsjin de hearskippy fan Rorik yn opstân, der't hy tydlik Fryslân ferlitte moast. Lykwols socht Rorik tanadering by de Frankyske keningen [[Karel de Kale]] en [[Lodewyk de Dútser]] en waard yn [870]] fan beiden in [[fazal]]. Hy stopte mei it hâlden fan plondertochten en krige dertroch syn Fryske lien tebek. Hy bekearde him ta it [[kristendom]] en kaam te ferstjerren yn [[880]]. Hy waard opfolge troch [[Godfried de Wytsing|Godfried]], de soan fan Harald.


[[kategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[kategory:Fryske greve]]
[[kategory:Skiednis fan Nederlân]]


[[en:Rorik of Dorestad]]
[[en:Rorik of Dorestad]]

De ferzje fan 8 jul 2007 om 23.05

Rorik, ek wol Roerik fan Dorestêd of Hrörek wie in Deenske Wytsing hearsker dy't tusken 850 en 880 oer in grût part fan Nederlân hearske hat, dat yn dy tiid Fryslân hiete.

Ofkomst

Rorik waard om 810 hinne berne yn Jutlân, (Denemarken) as soan fan kening Ali Anulo fan it skaai Haithabu. As Wytsing haadling dy Rorik mei oan ferskate plondertochten. Yn 836 plondere hy de nedersettingen Antverpia, Deurne mei har Benediktyner kleaster, Merksem, Ranst en Broechem. Fan it ferwoeste Antverpia liet Rorik in tipyske Wytsing-ringwalfesting meitsje.

Greve fan Fryslân

Tegearre mei syn broer Harald oermasterre hy fanôf 841 de Fryske gebieten fanút de eilannen Wieringen (Rorik) en Walcheren (Harald). Keizer Lodewyk de Fromme moast him yn 850 del lizze by de hearskippy fan Rorik oer Fryslân. Yn datselde jier oermasterre Rorik de wichtigste stêden Dorestêd en Utert, wertroch de biskop fan Utert, Hunger him útwieke moast nei [Deventer]]. De Frankyske keningen stienen machteleas tsjinoer de ynfallen fan de Wytsings en besochten de Wytsingslieders oan har ta bine troch grute gebieten yn lien te jaan.

Neidat er foarmeel it Grefskip oer Fryslân krige hat, besocht Rorik sûnder sukses kening fan Denemarken te wurden (854). Lykwols joech hy it plonderje net op. Yn 857 naam er Hedeby yn en yn 859 waard Bremen plonderre. Troch dizze stochten Door die laatste daad haalde hij zich de woede van keizer op de hals, die hem al zijn bezittingen ontnam. In 863 plunderde hij Dorestad opnieuw, en nu voor de laatste maal: Dorestad werd verlaten.

Yn 867 kamen de Friezen tsjin de hearskippy fan Rorik yn opstân, der't hy tydlik Fryslân ferlitte moast. Lykwols socht Rorik tanadering by de Frankyske keningen Karel de Kale en Lodewyk de Dútser en waard yn [870]] fan beiden in fazal. Hy stopte mei it hâlden fan plondertochten en krige dertroch syn Fryske lien tebek. Hy bekearde him ta it kristendom en kaam te ferstjerren yn 880. Hy waard opfolge troch Godfried, de soan fan Harald.