Loadewyk de Fromme
Loadewyk I de Fromme (Chasseneuil by Poitiers, april, juny of augustus 778 - Ingelheim am Rhein, 20 juny 840) wie in Frankyske kening. Hy folgde syn heit Karel de Grutte op as kening nei dy syn dea yn 814 en regearde fan 814 oant syn dea yn 840. Paus Stefanus V kroande him yn 816 as keizer fan it Westen.
It wie Loadewyk syn stribjen om de neilittenskip fan syn heit fêst te hâlden. Dat die er yn it foarste plak troch it leauwen te herfoarmingen. Omdat er syn eigen opfolging tige min regele soe syn regear kenmerke wurde troch fernederings en mislearrings.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe’t syn heit yn Noard-Spanje op fjildtocht wie, befoel syn mem fan in twilling op 11 april (mar it kin ek yn july of augustus 778 west hawwe) yn de Palts fan Chasseneuil by Poitiers. Nei it thúskommen fan Karel waarden sy doopt mei de nammen Loadewyk en Lotare. De Karolingyske keningsnammen Karel, Karloman en Pepyn wienen al ferjûn oan Karel syn oare soannen. Fan dy twilling stoar de lytse Lotar al gau yn 779, wylst Loadewyk sûn bleaun.
Doe't Loadwyk 16 jier âld wie, troude hy mei Ermengarde fan Haspengouw (794). By har krige hy trije soannen: Lotar, Pepyn en Loadewyk de Dútser. Letter troude er mei Judit fan Beieren, dy't him de fjirde soan joech: Karel.
Yn 814 stoar Karel de Grutte en waard Loadewyk de opfolger. Der wienen gjin opfolgingsswierrichheden, want Loadewyk wie doe syn noch iennige libjende soan. Dêrmei waard Loadewyk mei syn 36 jier allinnichhearsker oer it Frankyske Ryk, krekt as syn heit dat west hie.
De earste regearjierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste faze fan syn regear waard kenmerke troch yntinsive wetjouwing op wrâldsk en tsjerklik mêd. Wylst syn heit it Frankyske ryk útwreide hie, besocht Loadewyk de grutte fan it ryk fêst te hâlden en it yn stevich fûnemint te jaan. Yn dat opsicht fierde hy in strange herfoarming troch fan it kleasterlibben. Soks waard troch de geastlikheid posityf ûntfongen en soe der ta liede dat de keizer en klerus ek yn de takomst wichtige kwestjes mei inoar regelen. Yn dizze tiid is ek de gedachte ûntstien fan de ienheid fan it Ryk ûnder it kristendom. It wie benammen troch Loadewyk syn goede relaasje mei de tsjerke en syn tige kristlike libbensoertsjûging en libben dat hy nei de dea de bynamme fan 'de Fromme' krige. Yn 816 waard Loadewyk troch paus Stefanus IV as keizer kroand.
Tegearre mei de klerus besocht Lodewyk yn july 817 middels de Ordinatio Imperii (Oardering fan it Ryk) de kristlike ienheid op syn grûngebiet ek foar te takomst te behâlden. Dizze oardering hâlde yn dat de âldste soan Lotar as mei-keizer kroand waard en dat hy nei it ferstjerren fan Loadewyk de keizerstitel krije soe. De beide oare soannen Pepyn en Loadewyk de Dútser krigen allinnich de keninklike weardichheid en in dielkeninkryk - efter mekoar Akwitaanje en Beieren - tawiisd, wylst Lothar as kening fan it Middenryk en keizer de absolute oerhearskippij oer syn broers besitte soe. De ryksoardering fan 817 wie dêrmei in modern polityk ûntwerp foar de oplossing fan in eksplosyf probleem, dêr't de kimen foar takomstige konflikten lykwols al yn ynboud wienen.
Krisis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kaam al gauris ta in útbarsting. Nei de dea fan syn earste frou Ermengarde troude Lodewyk de Fromme yn 818 foar de twadde kear, diskear mei de Beierske Judit. Op oantrunen fan syn ambisjeuze frou skonk hy yn 829 op de Ryksdei fan Worms syn jongste soan Karel de Elzas, it Swaben en Boergonje .
Dat wienen lykswols de kearnlannen fan it Frankyske Ryk en Lotar de âldste soan, koe syn ûntefredenens hjiroer net ferberge. As gefolch hjirfan bruts der yn 830 in oanhâldende machtstriid út tusken Loadewyk mei syn trije âldste soannen, en tagelyk ek tusken de bruorren ûnderling.
Lang om let seach it der nei út, dat it ta in beslissend treffen komme soe yn de simmer fan 833, doe’t de legers fan de keizer en dy't fan de trije bruorren by Kolmar (Elzas), tsjin inoar kamen te stean. Dat it net ta in fjildslach komme soe, kaam om't in soad fan Loadewyk syn soldaten nei de fijân oerrûn. Dat foarfal soe de skiednis yngean as it Lügenfeld.
Ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De triomfearjende bruorren setten harren heit finzen en leinen him inkele fernederjende betingsten op. Yn Reims waard hy symboalysk fan de kerkdrompel band en moast er yn it iepenbier in skuldbekentnis ôflizze.