Utert (stêd): ferskil tusken ferzjes
Âlde boargemaster Aleid Wolfsen ferfongen troch nije boargemaster Jan van Zanen |
→Befolkingsûntjouwing: omstav. |
||
Rigel 46: | Rigel 46: | ||
== Befolkingsûntjouwing == |
== Befolkingsûntjouwing == |
||
[[Ofbyld:Bevolkingspiramide 2008 - CBS gemeentecode 0344.svg|thumb|200px|Befolkingspiramide fan Utert yn 2008]] |
[[Ofbyld:Bevolkingspiramide 2008 - CBS gemeentecode 0344.svg|thumb|200px|Befolkingspiramide fan Utert yn 2008]] |
||
Yn de neikommende tabel stiet de befolkingsûntjouwing fan Utert te lêzen. De befolkingsifers fan foar de njoggentjinde ieu binne |
Yn de neikommende tabel stiet de befolkingsûntjouwing fan Utert te lêzen. De befolkingsifers fan foar de njoggentjinde ieu binne roesd, en de sifers wurde fierder werom yn 'e tiid minder krekt. De sifers fan de njoggentjinde ieu komme fan folkstellingen, de nijere ynformaasje komt út it befolkingsregister.<ref>De sifers foar 1623, útsein 1525 en 1600, komme út it ''Jaarboek Oud-Utrecht'', 1995, siden 53-85; de sifers fan 1525, 1600, 1650 oant 1890 en 1970 komme út ''Een paradijs vol weelde, geschiedenis van de stad Utrecht'', 2000, siden 249; de sifers fan 1900 oant 1960 komme út ''2000 jaar Utrecht'', Utrecht/Antwerpen, 1969, side 215; it befolkingstal fan 1980 komt út it ''Jaarboek Oud-Utrecht'', 1981; de sifers nei 1980 komme fan it [http://statline.cbs.nl/ CBS]</ref> |
||
{| |
{| |
De ferzje fan 9 mrt 2016 om 19.55
Utert | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
Boargemaster | Jan van Zanen (VVD) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 321.583 (2012) | |
Oerflak | 99,32 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 3450-3455 3500-3585 | |
Koördinaten | 52° 5′ NB, 5° 6′ EL | |
Offisjele webside | ||
www.utrecht.nl |
Utert (Nederlânsk: Utrecht, yn it lokale dialekt: Utreg of Utereg) is de haadstêd fan de provinsje Utert en de fjirde stêd fan Nederlân (335.089 ynwenners per 1 maart 2015, bron: CBS). Utert is ien fan de stêden fan de Rânestêd.
De stêd leit sintraal yn Nederlân op in knooppunt fan dyk, spoar en wetter, dêrtroch fine der in soad beurzen en konferinsjes plak. Yn de stêd húsmanje ûnder oaren de grutste universiteit fan Nederlân, it haadkantoar fan de Nederlânske Spoarwegen en de Jierbeurs. Utert is ek de sit fan in âld-Katolike en fan in roomsk-Katolike aartsbiskop.
It is ien fan de âldste stêden fan Nederlân mei in belangryk histoarysk sintrum, mar ek mei moderne bouwurken sa as Hoog-Catharijne dêr't mieningen hiel wat negativer oer binne. Troch de Domtoer, symboal fan de stêd en mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân, wurdt de stêd ek wol de Domstêd neamd.
Geografy
Utert leit sintraal yn Nederlân en yn 'e provinsje Utert.
Ut it easten wei streamt de Kromme Ryn de stedsgrêften yn. Ut dy stedsgrêften streamt it wetter fierder nei it westen ta troch de Utertse Fecht en de Leienske Ryn. It grutste wetter dat hjoed-de-dei troch de stêd rint is it Amsterdam-Rynkanaal fan súdeast nei noardwest. In âlder kanaal is de Faartske Ryn, dy't de stêd mei de rivier de Lek yn it suden ferbynt.
Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen falt Utert yn de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).[1]
Skiednis
De skiednis fan Utert set útein mei de bou fan in legerkamp (castellum) oan de Ryn troch de Romeinen. Letter hawwe de Franken op it stee in stins boud dy't troch de Friezen healwei yn de 7e ieu ferovere waard. De Fryske keningen meitsje fan Utert harren residinsje. Nei de oermastering fan it Fryske keninkryk yn 720 waard de stêd wer fan de Franken. It stee kaam doe yn besit fan de Angelsaksyske biskop Willibrord en waard in wichtich tsjerklik sintrum mei grutte wrâldske macht.
Om-ende-by 1120 krige Utert stedsrjochten. Fan 1611 ôf waard de stêd troch kontra-remonstranten bestjoerd. Yn 1795 lutsen de Frânsken binnen. Mei de stifting fan de Jaarsbeurs (1917) en yndustryfestigingen hat Utert in dynamyske ûntwikkeling trochmakke.
Befolkingsûntjouwing
Yn de neikommende tabel stiet de befolkingsûntjouwing fan Utert te lêzen. De befolkingsifers fan foar de njoggentjinde ieu binne roesd, en de sifers wurde fierder werom yn 'e tiid minder krekt. De sifers fan de njoggentjinde ieu komme fan folkstellingen, de nijere ynformaasje komt út it befolkingsregister.[2]
|
|
|
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Utert | |
---|---|
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden | |
wizigje |