Keno II tom Brok: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q883561
Rigel 11: Rigel 11:
* Famylje [[Tom Brok]]
* Famylje [[Tom Brok]]


{{DEFAULTSORT:Broke, Keno tom}}
{{DEFAULTSORT:Brok, Keno II tom}}
[[Kategory:Eastfrysk haadling]]
[[Kategory:Skiednis fan East-Fryslân]]
[[Kategory:Skiednis fan East-Fryslân]]
[[Kategory:Skiednis fan Grinslân]]
[[Kategory:Skiednis fan Grinslân]]
[[Kategory:East-Fryske haadling]]
[[Kategory:Grutte Fryske Oarloch]]
[[Kategory:Grutte Fryske Oarloch]]

De ferzje fan 25 jan 2015 om 19.02

Keno tom Broke, ek Keno II tom Brok neamd, (? - 16 augustus 1417) wie in Eastfryske kriichshear en haadling. Hy wie de soan fan Okko I tom Brok en de healbroer fan Widzel tom Brok.

Yn de 14e en 15e ieu, it tiidrek fan de Fryske frijheid wienen der in protte twisten tusken Skieringers en Fetkeapers In soad Fryske mienskippen sochten beskerming by machtige haadlingen dy't ek wol kriichshearen neamd waarden. Dizze beskermhearen joegen lykwols nije problemen, der waard in soad kriich fiere om de macht. De famylje Tom Brok wie de machtichste haadlingefamylje yn East-Fryslân wurden mei Keno tom Broke as famyljehaad.

Skiednis

Earder hie de piraat Klaus Störtekbecker in taflechtsoarde by Widzel tom Brok socht en krigen. Doe't Keno de hearskippij oernaam, bleau hy yn 1396 en 1400 bystân ferline oan Gödeke Michels en Klaus Störtekbecker (en syn manskippen). Yn 1400 twongen gildeleden Keno om syn ferbûn mei de piraten op te jaan. Störtebecker soe ek mei Keno’s dochter (of suster) troud west hawwe. De oermastering troch Keno fan de stêd Emden op Hisko Abdena yn 1413 wie de oanlieding foar de Grutte Fryske Oarloch tusken 1413 en 1422. Keno steunde de partij fan de Fetkeapers, Hekersen, Ostnamannen en oaren. Yn 1415 ferovere hy de stêd Grins en de Ommelannen en yn 1416 foel hy Fryslân binnen.

Nei de behelle oerwinning yn de slach by Okswertersyl yn 1417 stoar Keno tom Broke hommels en waard opfolge troch syn soan Okko II tom Brok.

Sjoch ek