Springe nei ynhâld

Haadling

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Haadlingen)

In Haadling (meartal: Haadlingen), wienen oarspronklik de keazen lieders by de Germaanske folken, lykas de Friezen. It wie gjin aadlike titel mar betsjutte wichtich persoan. Mei de tiid waarden sy persoanen of ynfloedrike famyljes dy't in soad lân hienen en bestjoerlike en juridyske foech útoefenen.

By de Germanen hie eartiids de haadling it allinne foar it sizzen yn syn doarp of gebiet. Hy spriek rjocht by skelen en rôp by swierrichheden de befolking by inoar. By guon stammen koe de haadling ek in sakrale funksje hawwe. In skoftlang wie hy de wichtichste persoan, faak oant syn dea ta of as der in nije haadling keazen waard. Mei de tiid lykwols, waarden haadlingen hieltyd faker keazen út de groep fan eallju, de elite fan de befolking. Sûnt it Grutte Folkeferfarren kaam der ek mear ôfstân tusken de gewoane minsken en de eallju.

Soms waard yn tiden fan oarloch in haadling as oarlochslieder beneamd. By de Germanen hiet sa'n oarlochslieder hartoch.

Yn de Midsiuwen, doe't by de measte folken de funksje fan haadling oernommen waard troch eallju, bleau by de Friezen de funksje fan haadling bestean. Sy wienen foaral persoanen of ynfloedrike famyljes fan boeren dy't in soad lân hienen. Doe it greeflik gesach yn Fryslân ophâlde en in nij tiidrek fan Fryske frijheid begûn, krige dizze haadlingen in protte macht. Yn doarpen of gebieten beskikten sy oer bestjoerlik en juridysk foech. As teken fan harren macht, mar ek as ferdigening yn de partijstriid, bouden sy stinzen, fersterke stiennen huzen.

De 15e iuw lit yn Westerlauwersk Fryslân in grutte ekspânsje sjen fan de macht fan de haadlingen. De boarnen út dy tiid jouwe net altyd in helder byld, mar konstatearre wurde kin dat it meastepart fan de stêden, doarpen en kleasters har ûnder beskerming fan haadlingen steld hawwe. Yn de twadde helte fan dizze iuw wienen suver alle plakken behearske troch haadlingen of ûndersaten fan haadlingen.

De tanimmende macht fan de haadlingen late lykwols net ta in fersterking fan rjocht en oarde yn Westerlauwersk Fryslân, mar wol ta in skaalfergrutting fan de ûnderlinge konflikten tusken haadlingen. Trochdat guons fan har grutte talen ûndersaten mobilisearre koenen om mei te dwaan oan kriichstochten, wylst sy fakentiden ek noch steande legerkes fan hierlingen op nei hâlden, waarden hieltyd gruttere parten fan de maatskippij by gefjochten belutsen. Dat alles kaam de geregelde foargong fan de rjochtspraak net ten goede hokke troch dizze ûntwikkeling fierder ûntregele en ferknûkelje waard.

De haadlingen hearskippij oer de stêden wie minder absolut as oer de doarpen, mar de trije machtichste haadlingenlaachen fan Fryslân, de Siaerdas, Harinxmas en Juwingas hienen op in bepaald stuit de folsleine sizzenskip oer respektivelik Frjentsjer, Snits en Boalsert. Oars as yn Eastfryslân koe gjin fan de haadlingen de oerhân krije. In lânshaadling hat der yn Westerlauwersk Fryslân neat west.

Mei de komst fan Saksyske hartoggen yn 1498 kaam der stadichoan in ein oan de selsstannich macht fan de haadlingen. De Saksen, en nei harren de Boergondyske Keizers hawwe mei privileezjes de measte haadlingen oan it lânsbewâld bûn. Yn guon gefallen krige in haadling in aadlike titel, de oare privilegearde haadlingen neamden har hearskip of jonker. Troch de 16e en 17e iuw hienen dizze hearskippen noch in grutte ynfloed op it bestjoer fan Fryslân, mei't hja faak de, hast erflike, funksje fan grytman hienen. Earst yn de Bataafske Republyk kaam der in ein oan dizze bestjoerlike macht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oebele Vries, Het Heilige Roomske Rijk en de Friese vrijheid, Leeuwarden-De Tille, 1986.