Oerlis:Haadling

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Ik tocht ek dat it eallju wêze moat ynstee fan ealju.
Fierders haw ik wat twifels by de stelling dat de macht fan de haadlingen yn de 15e ieu oan syn ein kaam. Yn 1498 kaam in ein oan de Fryske frijheid mar mei de measte famyljes dy't it foar it sizzen hiene en dy't in protte besit hiene wie it fansels net dien. De measten derfan hawwe der wol foar soarge dat sy op it plak sitten bleaune wêr it jild wie en wêr't se wat te fertellen hiene, de funksjes fan deputearre of grytman bleaune faaks yn deselde famyljes. Dan binne it fansels net mear haadlingen yn de sin fan eartiids mar sa at it der no stiet liket it of koene dizze minsken harren sels net mear hanthavenje en dat is tink net sa. Theun 22 mar 2007, 22.06 (CET)

Do koest wol in's lyk hawwe wat eallju oanbelanget. Fierder bin ik wat oan it freewealen west mei it artikel. Ik koe net folle mei de Nederlanske side, dy giet foar in grutpart oer de eastfryske haadingen en haw der sels wat fan makke, baseare op wat ik wit. Do hast lyk dat er noch in soad oer te sizzen is. Ik haw der wat bot in ein oan breidzje, doe myn ynspiraasje op wie. It artikel is fansels lang noch net ôf--Geoffrey 22 mar 2007, 22.21 (CET)