Antarktika: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q51 (translate me) |
L Robot: ca:Antàrtida is een goed artikel |
||
Rigel 72: | Rigel 72: | ||
{{Link FA|af}} |
{{Link FA|af}} |
||
{{Link FA|fr}} |
{{Link FA|fr}} |
||
{{Link GA|ca}} |
De ferzje fan 29 jan 2014 om 00.28
Antarktika is in wrâlddiel rûn de súdpoal fan de ierde, mei der omhinne de Súdlike Oseaan of Antarktyske Oseaan. Dy oseaan rint oer yn de Grutte Oseaan en de Yndyske Oseaan, wêrby de grins tsjintwurdich fêststeld is as de 60e breedtegraad.
Op Antarktika lizze gjin lannen, wol binne der in tal lannen dy't der ûndersyk dogge. De measte dêrfan hawwe dêrta ûndersykstasjons op Antartika. Nederlân is in útsûndering om't it al ûndersyk docht mar gjin eigen stasjon in it gebiet delset hat.
Ferskate lannen hawwe kleems lein op parten fan Antarktika. Dy hawwe ynternasjonaal gjin status en it Arktysk Ferdrach wiist dy ek ôf, mar op kaarten wurde se gauris oanjûn om't der oars sa'n grutte wite flek op 'e kaart komt.
Steat | Gebiet | Kleemgrinsen | Sûnt |
---|---|---|---|
Argentynje | Argentynsk Antarktika | 25°W oant 74°W | 1943 |
Austraalje | Australysk Antarktysk gebiet | 160°E oant 142°2′W en 136°11′W oant 44°38′E | 1933 |
Brazylje | Brazilysk Antarktika | 28°W oant 53°W | 1986 |
Frankryk | Adélielân | 142°2′E oant 136°11′E | 1924 |
Grut-Brittanje | Britsk Antarktysk gebiet | 20°W oant 80°W | 1908 |
Noarwegen | Keninginnne Maud-lân | 44°38′E oant 20°W | 1939 |
Peter I-eilân | 68°50′S 90°35′W | 1929 | |
Nij-Seelân | Ross-gebiet | 150°W oant 160°E | 1923 |
Sily | Sileensk Antarktysk gebiet | 53°W oant 90°W | 1940 |
Net kleemd | 90°W oant 150°W |
- Dútslân hie tusken 1939 en 1945 ek in kleem op Antarktika, mei de namme Nij Swaben. It lei tusken 20°E to 10°W, en wie de oernommen Noarske kleem.
- Súd-Afrika hie tusken 1963 en 1994 en in kleem op in part fan Antarktika.