Peter I-eilân

Ut Wikipedy
Lizzing Peter I-eiland

Peter I-eilân (Noarsk: Peter 1.s øy) is in eilân by Antarktika. It eilân waard troch Fabian Gottlieb von Bellingshausen ûntdekt op 21 jannewaris 1821. It eilân waard neamd nei de tsaar fan Ruslân, Peter I. Ola Olstad lâne as earste op it eilân op 2 febrewaris 1929, en easke it eilân op foar Noarwegen.

It eilân hat in oerflak fan 243 km², en it heechste punt is Lars Christensen Pyk, mei 1755 meter. It is in fulkaan, mar oft er it noch docht is net wis. It is omjûn fan pakiis en it hiele jier troch foar 93% bedutsen mei iis.

Peter I-eilân wurdt ta de Sub-Antarktyske eilannen rekkene.