Brandaan fan Clonfert: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q208961 (translate me)
L +kat
Rigel 3: Rigel 3:

Brandaan wie in roomsk [[abt]], en stifte yn Ierlân ferskate [[kleaster]]s, wêrûnder (om [[568]] hinne) dat yn Clúain Forta ([[Clonfert]]), yn [[Konnacht]], dêr't syn namme mei ferbûn bleaun is. Oer syn libben is al net in bjuster soad bekend en wat der is, is neitiid alhiel yn it skaad kommen te stean fan 'e hilligeferhalen dy't har oer him ûntjûn hawwe. Hy is fral bekend fan syn [[leginde|legindaryske]] njoggenjierrige swalktocht oer de seeën, dy't oerlevere is yn in grut tal farianten, lykas de Latynske [[proaza]]ferzje ''[[Navigatio Sancti Brendani Abbatis]]'' (''[[De Seereis fan de Hillige Abt Brendan]]'') út 'e njoggende of tsiende ieu, en it [[Midnederlânsk]]e [[gedicht]] ''[[Van Sente Brandane]]'' (''[[De Reis fan Sint Brandaan]]''). Yn [[2012]] ferskynden dy beide, tegearre mei noch twa teksten oer Brandaan, it tsiende-ieuske ''[[Vita Sancti Brendani Clonfertensis]]'' (''[[It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan]]'') en it ''[[Oratio Sancti Brendani]]'' (''[[It Gebed fan Sint Brendan]]''), yn in Fryske oersetting ûnder de titel ''Sint Brandaan yn Fjouwerfâld''.

[[Kategory:Sint Brandaan| ]]
[[Kategory:Iersk tsjerkfaar]]
[[Kategory:Hillige]]

{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=
* ''Sint Brandaan yn Fjouwerfâld'', Ljouwert, 2012 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 44 254.
* ''Sint Brandaan yn Fjouwerfâld'', Ljouwert, 2012 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 44 254.
}}
}}

[[Kategory:Sint Brandaan| ]]
[[Kategory:Iersk tsjerkfaar]]
[[Kategory:Hillige]]
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne]]

De ferzje fan 29 nov 2013 om 18.45

It stânbyld fan Sint Brandaan yn Bantry, yn it greefskip Cork.

Brandaan fan Clonfert484, Ciarraighe Luachra – ±577, Annaghdown), wie in iere Ierske tsjerkfaar en ien fan 'e Tolve Apostels fan Ierlân, dy't nei syn dea hillich ferklearre is. Roomsen, anglikanen en eastersk-otterdoksen kenne him as Sint Brandaan, en fiere syn hjeldei op 16 maaie. Hy is ek wol bekend as Brandaan de Seefarder en hiet eins Brennain mac Findloga (Brennain soan fan Findlag) of Brennain moccu Alti (Brennain oerpakesizzer fan Alti). Letter waard er bekend ûnder fertalings of oanpassings fan syn namme: Iersk: Breandán; Yslânsk: Brandanus; Ingelsk: Brendan; Latyn: Brendanus of Brandanus. Yn it Frysk en Nederlânsk waard syn namme ek wol ferbastere ta "Brandaris"; nei him is de Brandaris, op Skylge neamd.

Brandaan wie in roomsk abt, en stifte yn Ierlân ferskate kleasters, wêrûnder (om 568 hinne) dat yn Clúain Forta (Clonfert), yn Konnacht, dêr't syn namme mei ferbûn bleaun is. Oer syn libben is al net in bjuster soad bekend en wat der is, is neitiid alhiel yn it skaad kommen te stean fan 'e hilligeferhalen dy't har oer him ûntjûn hawwe. Hy is fral bekend fan syn legindaryske njoggenjierrige swalktocht oer de seeën, dy't oerlevere is yn in grut tal farianten, lykas de Latynske proazaferzje Navigatio Sancti Brendani Abbatis (De Seereis fan de Hillige Abt Brendan) út 'e njoggende of tsiende ieu, en it Midnederlânske gedicht Van Sente Brandane (De Reis fan Sint Brandaan). Yn 2012 ferskynden dy beide, tegearre mei noch twa teksten oer Brandaan, it tsiende-ieuske Vita Sancti Brendani Clonfertensis (It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan) en it Oratio Sancti Brendani (It Gebed fan Sint Brendan), yn in Fryske oersetting ûnder de titel Sint Brandaan yn Fjouwerfâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: