Freeska Landriucht: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L [[]], neat te rêden
Rigel 36: Rigel 36:


[[stq:Freeska Landriucht]]
[[stq:Freeska Landriucht]]
De hjirfoer steande ynh^lad is dy sa as er yn de "Âlde druk"sels stiet.
dy't it lêzen hat, en dat liket my oant nou ta net ien, dy sjocht dat de rige der justjes even oars útsjocht.
Nei de foarrede en it register folgje der.
1. Rjocht yn it algemien.
1a. De tsien geboadens.
2. Lânrjocht It skoutenfoarstel ( hat nea wet west enmfoar it earst sprake fan yn 1358)
3. Karel en Radbo.
4. Magnus keuren.
5. De 17 keuren.
6. Foarrede Lânrjochten.
7. De acht domen.
8. De 6 (8) wenden. (yn register, is fansels ek e;lkenien ûntkaem)
9. De zeendrjochten. Algemien
10. De zeendrjochten. Spesjael
11. De wize fan procedearjen
12. De wilkerren fan de fiif delen.
13. De omrekkene boetes. (!)
14. De soenjilden.
15. Rudolfsboek
16. Merke-rjucht.
17. Upstalles boom
18. De sawn sélannen.
Groetnis JanP net oanmelde.

De ferzje fan 6 des 2011 om 01.02

Earste side fan it Freeska Landriucht

It Freeska Landriucht of de Alde Druk is it earste boek dat yn 'e Fryske taal (it Aldfrysk) ferskynd is. Nei alle gedachten is it printe yn in fraterhûs te Berltsum om 1480 hinne. Der binne njoggen eksimplaren bewarre bleaun fan dit boek. Tresoar hat der in oantal fan yn syn besit. It Freeska Landriucht is in samling rjochtsteksten.

Ynhâld

Hjir folget in ynhâldsopjefte mei in koarte taljochting. Yn de neikommende list binne Aldfryske wurden kursyf skreaun:

  1. Prolooch: ynlieding op de ynhâldsopjefte (f 0.1r)
  2. Register: ynhâldsopjefte. N.B.: it fel dêr't de teksten 1. en 2. op stean is mar yn seis fan de njoggen eksimplaren oerlevere (f 0.1v - f 0.2v).
  3. Wat is rjocht?: kategismus oer de fraach wat rjocht no eins is (f 1r - f 6r).
  4. Alde Skeltariucht: rjochtsboek mei Aldwestfryske rjochtsbepalings dy 't de taken fan de skelta ('schout') regelje (f 6r - f 22r).
  5. Sêge fan Karel en Redbad: ferhaal oer hoe't Karel de Grutte de Fryske Kening Redbad ferslacht en hoe't de Friezen fan in Jezusfiguer it rjocht krigen (f 22r - f 23r).
  6. Magnuskeuren: sân foarrjochten dy't Magnus fan Karel de Grutte krige doe't er mei de Friezen Rome befrijde (f 23r - f 25r).
  7. Santjin Kêsten: pan-Fryske rjochtstekst (f 25r - f 31 r).
  8. Prolooch Kêsten en Lânrjochten (f 31r - f 31v).
  9. Fjouwerentweintich Lânrjochten: pan-Fryske rjochtstekst (f 31v - f 40r).
  10. Acht doemen: acht bepalings oangeande fâdij, minderjierrigens, pacht en erfrjocht (f 40v - f 42v).
  11. Seis wenden: gefallen wêryn't net mei in eed frijsward wurde koe (f 42v - f 43r).
  12. Syndrjocht: algemien Aldwestfrysk geastlik rjocht, op guon plakken besibbe oan it Alde Skeltariucht (f 43v - f 47r; cf. f 47r - f 51v).
  13. Jongere Skeltariucht (f 52r - f 61r).
  14. Willekeuren fan de Fiif Dielen: boetebepalings foar de Fiif Dielen fan Westergoa: Barradiel, Frjentsjerteradiel, Hinnaarderadiel, Baarderadiel, Menameradiel (f 61r - f 63v).
  15. Bireknada Bota: Aldwestfryske boetebepalings (f 63v - f 71v).
  16. Ferhanneling oer muntwearden (f 71v - 72v)
  17. Rudolfsboek: rjochtsboek, net-terjochte taskreaun oan keizer Rudolf (fan Swaben?) (f 73r - f 83r).
  18. Merkrjocht: regeling oangeande de kompetinsje fan merkerjochters (f 83v - f 84v).
  19. Swarte swengen: opsomming fan tige slimme fergripen (f 84v - f 85r).
  20. Skaakraaf: opsomming fan soarten berôvings mei de straffen dy't derby hearre (f 85r - f 86r).
  21. Willekeuren fan de Opstalbeam: bepalings foar de yn 1323 fannijs inisjearre Opstalsbeamgearkomste dy't yn prinsipe (mar yn de praktyk net) foar hiel Fryslân gou. It giet hjir om in gearkomste dy't hâlden waard op de tiisdei nei Pinkster by de beam op de 'opstal', in mienskiplike weidgrûn, nei alle gedachten súdwestlik fan Aurich (f 86r - f 87v).
  22. Traktaat fan de sân seelannen: opsomming fan de sân Fryske seelannen (f 87v - f 88r).

Keppeling om utens

De hjirfoer steande ynh^lad is dy sa as er yn de "Âlde druk"sels stiet. dy't it lêzen hat, en dat liket my oant nou ta net ien, dy sjocht dat de rige der justjes even oars útsjocht. Nei de foarrede en it register folgje der. 1. Rjocht yn it algemien. 1a. De tsien geboadens. 2. Lânrjocht It skoutenfoarstel ( hat nea wet west enmfoar it earst sprake fan yn 1358) 3. Karel en Radbo. 4. Magnus keuren. 5. De 17 keuren. 6. Foarrede Lânrjochten. 7. De acht domen. 8. De 6 (8) wenden. (yn register, is fansels ek e;lkenien ûntkaem) 9. De zeendrjochten. Algemien 10. De zeendrjochten. Spesjael 11. De wize fan procedearjen 12. De wilkerren fan de fiif delen. 13. De omrekkene boetes. (!) 14. De soenjilden. 15. Rudolfsboek 16. Merke-rjucht. 17. Upstalles boom 18. De sawn sélannen. Groetnis JanP net oanmelde.