Ried fan de Fryske Beweging: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
De stifting '''Ried fan de Fryske Beweging''' is oprjochte yn 1945 mei as doel om as [[Fryske beweging|Fryske bewegers]] nei it regear en de legere oerheden ta mei ien mûle te sprekken. Ien fan de kearndoelen wie/is om foar de Fryske taal ien en oar wetlik te regeljen. It Nederlânske regear hie oant dy tiid foar it Frysk neat op papier. De konstruksje fan in ried joech oan minsken de mooglikheid om har yndirekt, fia selskippen, of direkt te organisearjen.
De stifting '''Ried fan de Fryske Beweging''' is oprjochte yn [[1945]] mei as doel om as [[Fryske beweging|Fryske bewegers]] nei it regear en de legere oerheden ta mei ien mûle te sprekken. Ien fan de kearndoelen wie/is om foar de Fryske taal ien en oar wetlik te regeljen. It Nederlânske regear hie oant dy tiid foar it Frysk neat op papier. De konstruksje fan in ried joech oan minsken de mooglikheid om har yndirekt, fia selskippen, of direkt te organisearjen.


== Gearstalling==
== Gearstalling==
Rigel 13: Rigel 13:
* KFS = [[Kristlik Frysk Selskip]] (mei dêryn opnommen it eardere [[Roomsk Frysk Boun]])
* KFS = [[Kristlik Frysk Selskip]] (mei dêryn opnommen it eardere [[Roomsk Frysk Boun]])
* FFE = [[Feriening foar in Federaal Europa]]
* FFE = [[Feriening foar in Federaal Europa]]
* FFOF = [[Freonen fan Omrop Fryslân]]
* IFAT = [[It Frysk Amateur Toaniel]]
* Selskip 1844 = [[It Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse]]


==Aktiviteiten==
==Aktiviteiten==

De ferzje fan 26 okt 2008 om 21.12

De stifting Ried fan de Fryske Beweging is oprjochte yn 1945 mei as doel om as Fryske bewegers nei it regear en de legere oerheden ta mei ien mûle te sprekken. Ien fan de kearndoelen wie/is om foar de Fryske taal ien en oar wetlik te regeljen. It Nederlânske regear hie oant dy tiid foar it Frysk neat op papier. De konstruksje fan in ried joech oan minsken de mooglikheid om har yndirekt, fia selskippen, of direkt te organisearjen.

Gearstalling

De Ried is gearstald út fertsjinwurdigers fan de oansletten Fryske selskippen en fan de hûnderten eigen stipers.

De fertsjintwurdige selskippen binne:

Aktiviteiten

Yn de earste 50 jier lei de klam op it regeljen fan formele rjochten fan it Frysk.

In pear fan de rjochten dy't no op papier steane binne:

  • op 'e basisskoalle hawwe bern alle wiken rjocht op 1 oere Frysk.
  • brieven oan oerheden yn Fryslân meie yn it Frysk steld wurde en 'hearre' ek yn it Frysk beantwurde te wurden.
  • yn gearkomsten Fryskprate mei, en soks heart ek yn it Frysk yn 'e notulen te kommen.
  • yn Fryslân mei Frysk yn 'e rjochtseal praat wurde, mei rjocht op in tolk mocht der immen wêze dy't it net ferstiet.
  • it rjocht om offisjele akten yn it Frysk op te meitsjen.

Ommekear

Yn it midden fan de 90-er begûn de Ried him mear ta te lizzen op it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk yn ynformele fermiddens.

Dat lêste stribjen is werom te finen yn tal fan (eardere) projekten fan de Ried:

  • Ragnarock - in lytsskalich popfestival foar frysktalige (begjinnende) bands en artysten.
  • Swingel - PR-eftich blêd foar en oer it Frysk en de Fryske Beweging.
  • De Fryske Reklamepriis - as stimulâns om mear en bettere reklame yn it Frysk te meitsjen.
  • Fear yn’e Broek - jierlikse priis foar in persoan of organisaasje dy't him op fertsjinstlike wize ynsetten hat foar it Frysk.
  • Mear Frysk on-line - in lintsje-aksje om it brûken fan it Frysk op ynternet te befoarderjen.

Hjoed-de-dei

De hjoeddeiske Ried kin better ferlike wurde mei in konsuminte-organisaasje foar de Fryske taal en kultuer. Hy spant him yn foar minsken dy’t wat mear wolle mei it Frysk. De minsken dy’t yn it spier binne foar de Ried dogge dat troch oerlis mei oerheden, oare offisjele ynstânsjes, bedriuwen, ferienings en ek wol partikulieren. Yn de measte gefallen is fan dat krewearjen neat werom te finen yn de krante, mar wol dat der in stap foarút dien is foar it Frysk. Yn guon gefallen smyt oerlis lykwols neat op en dan siket de oare partij of de Ried de parse op.

De Ried spant him yn foar it Frysk, om't hy leaut dat in minderheidstaal him it bêste ferlykje lit mei in bedrige diersoarte. Wol sa’n bist oerlibje, dan moat him safolle romte jûn wurde dat er himsels fuortplantsje kin. Sa soe in minderheidstaal allinnich oerlibje kinne, as er njonken thús ek yn oare fermiddens brûkt wurdt, om't er allinnich op dy wize nijsgjirrich genôch wurdt om te learen.

Derneist hâld de Fryske beweging in eigen webside by. Op de webside wurdt melding makke fan nijs oer it Frysk of de Fryske kultuer. Ek wurdt op de webside útlein wer de Fryske beweging foar stiet.

Literatuer

Sj. van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske Beweging. Ljouwert 1977.

Keppeling om utens

http://www.fryskebeweging.nl