Freonen fan Omrop Fryslân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It logo fan de Freonen fan Omrop Fryslân.

De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FOF), is de ‘fanclub’ fan Omrop Fryslân dy't 1981 oprjochte waard. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske omrop foar radio en telefyzje. De FOF soarget foar ynformaasje oer dy omrop en stipet de omrop by syn doelstellings en aktiviteiten. De FOF is ien fan de oansletten selskippen fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De FOF hâldt kontakt mei har leden fia it blêd Each en Ear, dat fjouwer kear jiers útkomt. Se organisearje ekskurzjes, fytstochten, lêzings en in jierfergadering yn kombinaasje mei besite oan in rjochtstreeks radio- of telefyzjeprogramma. Fia de Freonen fan Omrop Fryslân krije de leden ek faak koartings op Fryske boeken en CD's.