Meidogger oerlis:Bouwe Brouwer: ferskil tusken ferzjes

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
Content deleted Content added
→‎Thanks!: new section
Rigel 107: Rigel 107:


[[Meidogger:Snakesteuben|Winter S.]] 6 apr 2008, 13.00 (CEST) (Snakesteuben)
[[Meidogger:Snakesteuben|Winter S.]] 6 apr 2008, 13.00 (CEST) (Snakesteuben)

----
P.S. Would you be willing to take a quick look at 1) my template [http://fy.wiktionary.org/wiki/Berjocht:Fy-conj here] and 2) the example on the [http://fy.wiktionary.org/wiki/Berjocht_oerlis:Fy-conj talk page] and tell me how badly I missed on the grammar terms and the sample conjugation? Thanks, either way. [[Meidogger:Snakesteuben|Winter S.]] 6 apr 2008, 13.12 (CEST)

De ferzje fan 6 apr 2008 om 13.12

Goeiejûn Bouwe,

Noch wolkom op de Fryske wikipedy. Ik haw it idee dat jo al aardich bekend wiene mei de nederlânske wikipedy foardat jo hjir útein set binne dus ik hoech jo neat út te lizzen. Ik hoopje dat jo jo hjir ek in bytsje thús fiele.
Jo hawwe in stik of wat siden de ôfbylden fan fy: ferfong troch ôfbylden fan commons:. Op sich neat ferkeards mei, mar ik haw it op Eastenryk efkes weromset. It wapen koe ik net mear sjen, en ek twa oare meidoggers net. It sil tink ik wol oan't it svg formaat lizze, miskien in kombinaasje mei de grutte. De stipe fan it svg formaat is neffens my noch net 100%. Theun 15 des 2006, 21.43 (CET)[beäntwurdzje]

Beste Teun,
Sorry dat ik in het Nederlands antwoord, mijn Fries is niet zo best. Dat is ook de reden dat mijn bijdragen vrijwel uitsluitend afbeeldingen en interwiki's betreffen.
De svg-afbeeldingen worden al op de server omgezet naar png-afbeeldingen. Internet Explorer 6.0 ondersteunt svg helemaal niet en png matig. Zelf gebruik ik Mozilla Firefox die wel svg en png ondersteunt. Ik heb het probleem noch met Firefox, noch met Internet Explorer kunnen reproduceren. De Nederlandse en Duitse Wikipedia gebruiken ook de door mij gebruikte "Austria Bundesadler.svg". Wel hebben zij een begrenzing op 100 of 120 pixels. Misschien dat daarmee het probleem kan worden opgelost. De svg-afbeelding is zeer gedetailleerd, misschien dat daarin het probleem schuilt.
Tot de oorzaak van het probleem is gevonden, zal ik niet meer vlaggen, wapens en locaties van landen omzetten naar afbeeldingen van Wikimedia Commons.
Bouwe Brouwer 17 des 2006, 19.48 (CET)[beäntwurdzje]
Ik brûk ek de FjoerFoks (en wol de Fryske ferzje, de FFF litte we mar sizze), mar it liket no wol goed. Ik wit dat it svg formaat omset wurd nei png, mar by dat omsetten giet tink ik wolris wat ferkeard. Ik haw earst ek wolris besocht om svg ôfbylden (makke mei Inkscape) op de wikipedy te setten, mar dat like doe ek net te wurkjen.
Miskien dat Mysha en Swarte Kees it no ek goed sjogge, mar efkes ôfwachtsje. Dit wapen is fansels in stik skerper as dyselde dy't op fy: stiet. Theun 17 des 2006, 20.26 (CET)[beäntwurdzje]
Op Eastenryk staat nu weer hetzelfde wapen als ik erop had gezet (Austria Bundesadler.svg). Is het wapen nu wel goed te zien? Was de server misschien overbelast toen jullie het wapen niet konden zien? Bouwe Brouwer 20 des 2006, 20.01 (CET)[beäntwurdzje]
By my is it no goed. Theun 20 des 2006, 21.11 (CET).[beäntwurdzje]

Klokkestoel

nl:klokkenstoel
nl:vrijstaande klokkenstoel (Ousternijegea)
nl:klokkenhuis (Snits)

Jûn Bouwe, jo hienen by in plaatsje mei in klokkestoel it wurd klokkestoel feroare yn Klokhús. No hindert dat neat, at it better kin moat soks altyd wêze. Ik bin doe fuort oan'e gong gien om dat oeral oan te passen mar seach letter dat Zantema Klokhús én Klokkestoel beide goed rekkent. Sadwaande haw ik it Klokkestoel fierder stean litten. Groetnis, Swarte Kees 28 sep 2007, 22.48 (CEST)[beäntwurdzje]

Neffens nl:Klokkenstoelen in Friesland is it Klokhús in spesjale foarm fan in klokkestoel. Nammentlik in klokkestoel wêr't de sydkanten tichtboud binne. Boppedat haw ik it wurdt klokhús noch nea heart yn kombinaasje mei dy bousels, allinne mar yn kombinaasje mei Apels. Theun 29 sep 2007, 10.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw my baseare op it Frysk wurdboek Nederlânsk-Frysk fan W. Visser. Neffens dit wurdboek is it Fryske wurd foar nl:klokkenstoel "it klokhús". It bybehearrend Frysk wurdboek Frysk-Nederlânsk fan J.W. Zantema rekkent Klokhús en Klokkestoel beide goed. It lyket my better om der mar wer "klokkestoel/klokkestuolen" fan te meitsjen en "klokhús/klokhuzen" allinnich te brûken foar in klokkestoel wêr't de sydkanten fan tichtboud binne, lykas it klokhús yn Snits. Bouwe Brouwer 29 sep 2007, 13.51 (CEST)[beäntwurdzje]

Binne jim der wis fan dat klokkestoel geef Frysk is foar in "vrijstaande klokkenstoel"? Yn de Encyclopedie van Friesland (Amsterdam 1958) stiet:

Klokkestoel (Fr.: klokhús). Samenstel van balken en stijlen, bekroond door een zadel-, wolfs- of peervormig dak, waarin de klokken hangen. (. . .) Bouwe Brouwer

Nee, ik bin der net wis fan. Ik hie allinnich sjoen dat op de side fan nl in ferskil makke waard tusken klokkestoel en klokhús. Ik hie it wurdboek der net by hân. Sels hie ik noch nea fan it klokhús yn dizze betsjutting heart, mar miskien leit dat der ek oan dat by ús yn de omkriten dizze dingen hast net foarkomme en je dêr yn it frysk dus mei gjin minske oer prate. As je fierder op komme stean der fansels buordsjes mei klokkestoel, dan wurdt dat dus al gau oernaam. Ik tink dat at jo 10 fryzen in plaatsje fan sa'n klokke-dinges sjen litte dat 9 fan de 10 klokkestoel sizze. Sjoch bygelyks is op it fryske part fan de webstee fan [1] oer it Sint Thomaslieden. Der brûke se ek klokkestoel yn it frysk. En hjir brûke se klokkestuollen. Theun 1 okt 2007, 13.01 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja, dat woe ik ek freegje: Ik sjoch jo hawwe by Ousternijegea klokhús of klokhûs feroare ta klokkestoel. Wêrom is dat? Sa'n ding hjit toch fan klokhûs? Mysha
Neffens my is it altiten klokhûs. Der binne tichte klokhuzen, lykas yn Snits, iepen klokhuzen, as by Teroele, en fêste klokhuzen oan de tsjerkemuorre, mar ik kin my dêr no net ien fan yn it sin bringe. Mar it binne allegear klokhuzen. Mysha
@Mysha, Bouwe hy yn earsten op in side klokhús brukt en hat doe letter om't Kees en ik seine dat it ek Klokkestoel wêze mei dit feroare yn klokkestoel.
@eltsenien, Ik wit net rjocht wat te dwaan. Hjirboppe hie ik in pear foarbylden fûn fan plakken wêr't klokkestoel brûkt wurdt (Ketlik en dy hoeke). Mar blykber wurdt yn de greidhoeke wol klokhús/klokhûs brûkt (Hartwert ,Idzegea, Hinnaard).
Blykber mei beide en wurdt ek beide op it stuit brûkt. Om my mei klokhûs ek wol ik haw eins net echt in dúdlike foarkar ( ik haw leaver net klokhús ). Theun 1 okt 2007, 17.10 (CEST)[beäntwurdzje]
Om útslútsel te krijen soe ris ien fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken of in oare saakkundige frege wurde kinne.Swarte Kees 1 okt 2007, 18.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw oant Udo, de auteur fan it artikel nl:Klokkenstoelen in Friesland, freege oft hy wit wat de Fryske wurden binne foar "klokkenstoel", "vrijstaande klokkenstoel" en "klokkenhuis". Hjirûnder syn antwurd dat ik kopieare haw fan syn oerlisside Meidogger oerlis:TUFOWKTM. Bouwe Brouwer 7 okt 2007, 12.16 (CEST)[beäntwurdzje]

Beste Bouwe. Ik heb het overleg over de klokkenstoel gelezen. Volgens mij maakt het Fries geen onderscheid tussen open en dichte klokkenstoelen en worden ze klokhuzen genoemd. Maar ik weet er niet genoeg over. Het kan in het Fries inmiddels ook aangepast zijn (zoals in het Nederlands van klokkestoel naar klokkenstoel). Ik denk dat als er een artikel over klokhûs of klokhús ? komt, er ook een doorverwijspagina van klokkestoel naar klokhûs moet komen. Is het probleem binnen wiki opgelost.TUFOWKTM 7 okt 2007, 08.44 (CEST)[beäntwurdzje]

Kategoryen

Jûn Bouwe, Ik sjoch datsto (ik doch net oan jo) ferskate fan myn bydragen ûnderbrocht hast yn de kategory 'muzyk'. Dêr is hiel wat foar te sizzen mar ik haw it idee dat it de kategory 'muzyk' wat fersmoarget. In dirigint hat in funksje yn muzyk mar is gjin sjenre. Soe it net better wêze en meitsje wat nije kategoryen lykas 'diriginten' en 'komponisten' oan? Wat de diriginten oanbelanget binne der wol wat wichtige nammen te neamen: Tjeerd Brouwer (famylje fan dy?), Durk Lautenbach, Jan de Haan, Rieks van der Velde, Klaas van der Woude en de grutte stimulater fan de brassband yn Fryslân, waans namme my net yn it sin komme wol, mar dy't nei't ik mien stoarn is yn it harnas te witten by in konsert: Sierd ???). --romke fan tomke 13 okt 2007, 22.38 (CEST)[beäntwurdzje]

It is in goed idee nije ûnderkategoryen foar de kategory muzyk te meitsjen. Gean dyn gong. Bouwe Brouwer 13 okt 2007, 22.52 (CEST)[beäntwurdzje]
O heden hitskes!!! Dêr moat ik my dan moarn mar ris yn ferdjipje (útsykje hoe't ik subkategoryen meitsje). --romke fan tomke 13 okt 2007, 23.01 (CEST)[beäntwurdzje]

Morse en Morsekoade

Fansels is it mûglik en skriuw ien side foar morse, morse-alfabet en morsekoade byelkoar, mar wurdt it dêr dúdliker fan? Dat is as hienen wy siden oer inket, letters en taal, en beslúte dat it allegear mar byelkoar op ien side skriuwen komme moat. Ik hie no krekt mear as ien side brûkt om dy begripen útelkoar te hâlden.

Mar ik begryp, it it net dúdlik genôch. Wat is it wêr't jo problemen mei hawwe? Aliter 15 okt 2007, 03.12 (CEST)[beäntwurdzje]

Fraach en antwurd op Meidogger oerlis:Aliter#Morse en Morsekoade. Bouwe Brouwer 18 okt 2007, 21.01 (CEST)[beäntwurdzje]

Winske

Eeltsje Halbertsma Aliter 18 okt 2007, 08.16 (CEST)[beäntwurdzje]

Tige dank foar it meitsjen fan dit artikel. Bouwe Brouwer 18 okt 2007, 21.02 (CEST)[beäntwurdzje]

Ynterwiky's

Jûn Bouwe. Ik sjoch datst wer wat ynterwiky's oan guon fan myn artikels tafoege hast. Dat is bêst genôch. Ik set artikels oer fan de Ned. wiky. Is it no sa dat ik alle ferwizings nei ynterwiky's dy't dêr op steane, better steane litte kin? (de funksje fan dy ynterwiky's is my folslein ûnbekend, mar dat hoech ik ek net te witten). Of hat de Fryske wiky dêr in eigen belied/systeem yn? --romke fan tomke 18 okt 2007, 22.51 (CEST)[beäntwurdzje]

Sjoch foar help oer ynterwiki's: Wikipedy:Ferwizings#Oare Wikipedyën (ynterwiki) en Wikipedy:Bots of de Nederlânske helpside nl:Help:Gebruik van interwiki-links.
By in artikel op 'e Fryske Wikipedy foegje ik meastal allinich de talen ta dy't de measte minsken op skoalle leard hawwe, sa Dútsk, Ingelsk en Nederlânsk. Dizze ynterwiki's kontrolearje ik ek. Fierders pleatsje ik meastal ek in interwikilink op 'e Dútske of Nederlânske Wikipedia. Nei ferrin fan tiid wurden de oare ynterwiki's wol troch in bot pleatse.
Interwiki's kinne ek danich yn 'e tiis sitte. Ferline wike bin ik noch dwaande west mei it út 'e tiis heljen fan de interwiki's fan Rinfuorgen oant op de Russyske Wikipedia. Somlike ynterwiki's ferwizden nei artikels oer greppels mei in foto fan in greppel mei liedings.
Bouwe Brouwer 19 okt 2007, 19.58 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat is dúdlik. Dan lit ik tenei de Nederlânske, Ingelske en Dútske ferwizings stean. Op de Nederlânske side set ik fy der by en lit it oare dan mar oan de bots (of oan minsken lykas dy) oer.--romke fan tomke 19 okt 2007, 20.15 (CEST)[beäntwurdzje]

Skandinaavje

Hoi Bouwe,

Is it net better om Skandinaavje te brûken ynstee fan Skandinavië. By myn witten hawwe wy oant no ta hieltiten Skandinaavje brûkt. Ik sjoch no ek dat it wol sa yn it wurdboek stiet. Fyn ik wol wat nûver want bygelyks Moldaavje liket der in hiele bult op en alle lannen út de list fan de fryske akademy dy't yn it nederlânsk op -ïe einigje dogge dat yn dizze list net. Skandinaavje liket my dan ek mear yn it systeem te passen as Skandinavië. Sil ik der ris in meeltsje oan weagje nei de fryske akademy hoe at dy dit sjogge (Sy hawwe fansels ek it wurdboek útjoen.) Theun 16 des 2007, 09.30 (CET)[beäntwurdzje]

It is yndie nuver dat neffens de Fryske Akademy nl:Scandinavië yn 't Frysk Skandinavië is en nl:Moldavië yn 't Frysk Moldaavje is. No komt "Skandinavië" út it Frysk Wurdboek dêr't "Moldaavje" net yn staat en komt "Moldaavje" út de list mei bûtenlânske ierdrykskundige nammen dêr't "Skandinavië" net yn staat. Op Skandinaavje stiet in redirect (trochferwizing) nei Skandinavië, dus ferwizingen rinnen net dea. Ik tink dat wy ús wat de stavering oanbelanget liede moatten litte troch de Fryske Akademy. Ik bin benijd nei de útlis fan de Fryske Akademy. --Bouwe Brouwer 16 des 2007, 12.49 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw efkes meelt en it antwurd wie dat der net in spesjale reden wie om Skandinavië te brûken. De wurdboeken binne fan 1984/1985 en de list mei bûtenlânske nammen is fan ein jierren '90. Doe hawwe se nei oerlis besluten yn dy gefallen altiten de foarm einigjend op -je te brûken. Sa sil it ek yn it frysk wurdboek wat oare ier útkomt brûkt wurde. Dus koartsein it advys wie brûk mar Skandinaavje. Theun 18 des 2007, 19.28 (CET)[beäntwurdzje]
Dat kloppet yndie, sa stjit it no ek yn myn kursusboek. Nammen fan lannen dy't yn it Nederlânsk einigje op ië, einigje dêr yn it Frysk by foarkar net op.--Geoffrey 18 des 2007, 20.01 (CET)[beäntwurdzje]
Tige dank foar it neifreechjen. Neffens my komt "Skandinavië" no net mear foar op de Fryske Wikipedy. Der is allinnich noch in kategory:Skandinavië. Neffens my is it better dy kategory te wisken. --Bouwe Brouwer 21 des 2007, 19.52 (CET)[beäntwurdzje]

Sesamstrjitte

Tank foar de help. Ik hie al sjoen dat der wat nuvers mei wie, mar soms kin ik it gewoan net fine. Mysha

Ik haw Mozilla Firefox mei Fryske staveringshifker ;-) Bouwe Brouwer 1 feb 2008, 19.28 (CET)[beäntwurdzje]

wiskje?

Jûn Bouwe,

Jo hawwe hjoed op in side it Berjocht:Delete delsetten. Ik haw leaver gjin ingelsktalige berjochten op de fryske wiki en hie hjir wat oerlis oer besocht op te starten, mar dat wol net sa slagje. Hawwe jo hjir ek noch in foarkar foar it ien as oar? Theun 28 mrt 2008, 17.14 (CET)[beäntwurdzje]

Ik tink dat gegriem it bêst fuortendalik oanpakt wurde kin en dêrfoar is in berjocht foar fluch wiskjen nedich. Ik sjoch ek dat er op de Fryske Wikipedy somtiden guon fan it Small Wiki Monitoring Team fandalisme oanpakken. Dêrom fyn ik wol dat der in delete-berjocht wêze mei. As jo op ferskillende wikipedia's wurke, is it lestich as eltse wikipedia wer in oar berjocht hat. Miskien kinne jo it delete berjocht werneame en oersette yn it Frysk. Dan is it delete-berjocht gewoan in trochferwizing (redirect) nei it korrespondearjend Frysktalich berjocht. --Bouwe Brouwer 28 mrt 2008, 19.05 (CET)[beäntwurdzje]

Thanks!

I'm glad I wrote that thing, so I got your link. And I'm glad someone who knows the author is on top of it. I wasn't looking forward to making a cold contact myself, even though I did plan to do it if it didn't show up on mozilla.org soon.

And you're probably right. (Gee, I didn't know anyone was watching. )

Winter S. 6 apr 2008, 13.00 (CEST) (Snakesteuben)[beäntwurdzje]


P.S. Would you be willing to take a quick look at 1) my template here and 2) the example on the talk page and tell me how badly I missed on the grammar terms and the sample conjugation? Thanks, either way. Winter S. 6 apr 2008, 13.12 (CEST)[beäntwurdzje]