Roarik: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: sv:Rorik
L ik haw it artikel foar in part werskreaun
Rigel 3: Rigel 3:


==Komôf==
==Komôf==
Rorik waard om [[810]] hinne berne yn [[Jutlân]], (Denemarken) as soan fan kening [[Anulo]] fan it skaai [[Hedeby|Haithabu]]. As Wytsingehaadling die Rorik mei oan ferskate plondertochten. Yn [[836]]
Rorik waard om [[810]] hinne berne yn [[Jutlân]], (Denemarken) as soan fan kening [[Anulo]] fan it skaai [[Hedeby|Haithabu]]. Hy hie in broer dy [[Harald II|Harald]] hiete en sy wienen neven fan [[Harald I]], greve fan Riustringen.

plondere hy de delsettingen ''Antverpia'', [[Deurne]] mei har [[Benediktyn]]er [[kleaster]], [[Merksem]], [[Ranst]] en [[Broechem]]. Fan it ferwoaste ''Antverpia'' liet Rorik in typyske Wytsing-ringwâlfesting meitsje.
Yn syn jonge jieren dienen Rorik en Harald mei oan ferskate Wytsingen plondertochten. Yn [[836]] plondere sy de delsettingen ''Antverpia'', [[Deurne]] mei har [[Benediktyn]]er [[kleaster]], [[Merksem]], [[Ranst]] en [[Broechem]]. Fan it ferwoaste ''Antverpia'' liet Rorik in typyske Wytsing-ringwâlfesting meitsje.

De Frankyske keizer [[Loadewyk de Fromme]] besocht Rorik en syn broer Harald fan plonderjen ôf te hâlden en joech harren yn it kader fan de kustferdigening wichtige militêre ambten, Rorik te [[Dorestêd]] en Harald te [[Walcheren]].


==Greve fan Fryslân==
==Greve fan Fryslân==
Doe Loadewyk de Fromme yn [[840]] ferstjerre liet hy syn ryk efter oan syn soanen [[Lotarius I]], [[Loadewyk de Dútser]] en [[Karel de Keale]]. Lotarius I dy't as iennichste de keizertitel droech, liet fuortendaliks Rorik finzen nimmen op beskuldiging fan heechferried. Dizze koe lykwols ûntkomme en fûn in gastfrij ûnderdak by Loadewyk, dy't him yn [[841]] it eilân [[Wieringen]] yn lien tawize.
Yn [[841]] krige hy fan de Frankyske keizer [[Loadewyk de Fromme]] it eilân [[Wieringen]] yn lien tawizen. De keizer besocht hjirmei de Deenske Wytsingen fan plonderjen ôf te hâlden. Mar dat slagge net. Tegearre mei syn broer [[Harald]] oermastere hy de Fryske gebieten fanút de eilannen [[Wieringen]] (Rorik) en [[Walcheren]] (Harald). Yn [[850]] moast de nije keizer [[Lotarius II]] him by de hearskippij fan Rorik oer Fryslân del lizze. Yn datselde jier oermastere Rorik de wichtichste stêden [[Dorestêd]] en [[Utert (stêd)|Utert]], wêrtroch de biskop fan Utert, [[Hunger]] ûntwyk sykje moast yn [[Dimter]]. De [[Frankyske Ryk|Frankyske]] keningen stienen machteleas tsjinoer de ynfallen fan de Wytsingen en besochten de Wytsingelieders oan har ta binen troch grutte gebieten yn lien te jaan.

Yn [[850]] moast keizer Lotarius I gedoge dat Rorik werom kearde nei Dorestêd as steedhâlder. Rorik krige opdracht de Deenske Wytsingen fan plonderjen ôf te hâlden, mar slagge der mar heal yn. Dorestêd bleau yn eltsgefal derfan bespare.

Yn [[855]] besocht Rorik de Deenske kroan yn besit te krijen, mar kearde sûnder súkses tebek. Hy wie no fan betinken om de hearskippy oer hiel Fryslân yn hannen te krijen. Tegearre mei syn broer [[Harald]] slagge hy dêryn de Fryske gebieten fanút de eilannen [[Wieringen]] (Rorik) en [[Walcheren]] (Harald) te oermasteren. De nije keizer [[Lotarius II]] moast him by de hearskippij fan Rorik oer Fryslân del lizze. Rorik makke Dorestêd ta sintrum fan syn Fryske machtsgebiet dat har útstrekte tusken it [[Fly]] en [[Maas]]. Dus sawat it hiele gebiet fan it tsjintwurdige [[Hollân]] (Noard en Súd) en [[Utert (provinsje)|Utert]].


Lykwols joech Rorik syn oanspraak op de Deenske troan net op. Yn [[857]] naam er [[Hedeby]] yn en yn [[859]] waard [[Bremen]] plondere. Tidens de ôfwezichheid fan Rorik foelen oare Deenske Wytsingen it Fryske gebiet oan. Sy oermastere de wichtichste stêden Dorestêd en [[Utert (stêd)|Utert]], wêrtroch de biskop fan Utert, [[Hunger]] ûntwyk sykje moast yn [[Dimter]]. Hjirmei helle Rorik de woede fan de keizer op syn hals, dy't him it Greefskip oer Fryslân ûntnaam.
Rorik makke Dorestêd ta sintrum fan syn Fryske machtsgebiet dat har útstrekte tusken it [[Fly]] en [[Maas]]. Dus sawat it hiele gebiet fan it tsjintwurdige [[Hollân]] (Noard en Súd) en [[Utert (provinsje)|Utert]].
Neidat er formeel it Greefskip oer Fryslân krige hat, besocht Rorik sûnder sukses kening fan Denemarken te wurden ([[854]]). Lykwols joech hy it plonderje net op. Yn [[857]] naam er [[Hedeby]] yn en yn [[859]] waard [[Bremen]] plondere. Troch dizze tochten helle hy de woede fan de keizer op syn hals, dy't him it Greefskip oer Fryslân ôfnommen. Yn [[863]] plondere hy op 'e nij Dorestêd, dat net mear opboud wurde soe.


De Friezen kamen tsjin de hearskippij fan Rorik yn opstân, doe't er tydlik Fryslân ferlitte moast. Mar Rorik socht tanadering by de Frankyske keningen [[Karel de Keale]] en [[Loadewyk de Dútser]] en waard yn [[870]] fan beiden in [[fazal]]. Hy stoppe mei de plondertochten en krige dêrtroch syn Fryske lien werom. Hy bekearde him ta it [[kristendom]] en kaam te ferstjerren yn [[880]]. Hy waard opfolge troch [[Godfried de Wytsing|Godfried]], de soan fan Harald.
Doe ek de Friezen tsjin de hearskippij fan Rorik yn opstân kamen ([[864]]), moast hy tydlik Fryslân ferlitte. Mar Rorik socht tanadering by de Frankyske keningen [[Karel de Keale]] en [[Loadewyk de Dútser]] en waard yn [[870]] fan beiden in [[fazal]] en krige dêrtroch syn Fryske lien werom. Hy bekearde him ta it [[kristendom]] en kaam te ferstjerren yn [[880]]. Hy waard opfolge troch [[Godfried de Wytsing|Godfried]], de soan fan Harald.


==Literatuer==
==Literatuer==

De ferzje fan 20 okt 2007 om 16.18

Rorik

Rorik, ek wol Roerik fan Dorestêd of Hrörek wie in Deenske Wytsing dy't tusken 850 en 880 hearske oer in grut part fan Nederlân, dat yn dy tiid Fryslân hiet. Hy krige fan de Frankyske kening dat gebiet as greefskip yn lien en wurdt dêrom as in Fryske greve beskôge. Mar it kin ek west hawwe, dat er himsels kening fan Fryslân neamd hat.

Komôf

Rorik waard om 810 hinne berne yn Jutlân, (Denemarken) as soan fan kening Anulo fan it skaai Haithabu. Hy hie in broer dy Harald hiete en sy wienen neven fan Harald I, greve fan Riustringen.

Yn syn jonge jieren dienen Rorik en Harald mei oan ferskate Wytsingen plondertochten. Yn 836 plondere sy de delsettingen Antverpia, Deurne mei har Benediktyner kleaster, Merksem, Ranst en Broechem. Fan it ferwoaste Antverpia liet Rorik in typyske Wytsing-ringwâlfesting meitsje.

De Frankyske keizer Loadewyk de Fromme besocht Rorik en syn broer Harald fan plonderjen ôf te hâlden en joech harren yn it kader fan de kustferdigening wichtige militêre ambten, Rorik te Dorestêd en Harald te Walcheren.

Greve fan Fryslân

Doe Loadewyk de Fromme yn 840 ferstjerre liet hy syn ryk efter oan syn soanen Lotarius I, Loadewyk de Dútser en Karel de Keale. Lotarius I dy't as iennichste de keizertitel droech, liet fuortendaliks Rorik finzen nimmen op beskuldiging fan heechferried. Dizze koe lykwols ûntkomme en fûn in gastfrij ûnderdak by Loadewyk, dy't him yn 841 it eilân Wieringen yn lien tawize.

Yn 850 moast keizer Lotarius I gedoge dat Rorik werom kearde nei Dorestêd as steedhâlder. Rorik krige opdracht de Deenske Wytsingen fan plonderjen ôf te hâlden, mar slagge der mar heal yn. Dorestêd bleau yn eltsgefal derfan bespare.

Yn 855 besocht Rorik de Deenske kroan yn besit te krijen, mar kearde sûnder súkses tebek. Hy wie no fan betinken om de hearskippy oer hiel Fryslân yn hannen te krijen. Tegearre mei syn broer Harald slagge hy dêryn de Fryske gebieten fanút de eilannen Wieringen (Rorik) en Walcheren (Harald) te oermasteren. De nije keizer Lotarius II moast him by de hearskippij fan Rorik oer Fryslân del lizze. Rorik makke Dorestêd ta sintrum fan syn Fryske machtsgebiet dat har útstrekte tusken it Fly en Maas. Dus sawat it hiele gebiet fan it tsjintwurdige Hollân (Noard en Súd) en Utert.

Lykwols joech Rorik syn oanspraak op de Deenske troan net op. Yn 857 naam er Hedeby yn en yn 859 waard Bremen plondere. Tidens de ôfwezichheid fan Rorik foelen oare Deenske Wytsingen it Fryske gebiet oan. Sy oermastere de wichtichste stêden Dorestêd en Utert, wêrtroch de biskop fan Utert, Hunger ûntwyk sykje moast yn Dimter. Hjirmei helle Rorik de woede fan de keizer op syn hals, dy't him it Greefskip oer Fryslân ûntnaam.

Doe ek de Friezen tsjin de hearskippij fan Rorik yn opstân kamen (864), moast hy tydlik Fryslân ferlitte. Mar Rorik socht tanadering by de Frankyske keningen Karel de Keale en Loadewyk de Dútser en waard yn 870 fan beiden in fazal en krige dêrtroch syn Fryske lien werom. Hy bekearde him ta it kristendom en kaam te ferstjerren yn 880. Hy waard opfolge troch Godfried, de soan fan Harald.

Literatuer

  • Gerlof Verwey, Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, siden 101 en 102.