Wieke Bosch

Ut Wikipedy
Wieke Bosch fier foar de oarloch (foto út it argyf fan Arend Hazewinkel)

Wytske Bosch (Wieke) (Ljouwert, 20 febrewaris 1882 - Ravensbrück, 17 febrewaris 1945) wie in fersetsstrider en anargiste út Ljouwert.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wieke Bosch wie de dochter fan Willemke Walrabenstein en pottebakker Sybren Bosch. De húshâlding wie Nederlânsk Herfoarme. Nei de legere skoalle waard Wieke tsjinstfaam. Yn 1904 troude se mei Rein Zandstra, in magazynwurker en letter stoffearder en eigener fan in flierkledewinkel. It span krige trije bern. Se stienen earst te boek as Nederlânsk Herfoarme, mar se lieten har al gau útskriuwe.

Fyftjin jier nei har trouwen, op 2 oktober 1919, gie Bosch by har man en trije bern wei - se wennen doe yn Stiens - en luts yn Ljouwert yn by de smid Jan de Haan, in militante anargist. De Haan is yn 1922 fan syn frou skieden, mar Bosch liet har houlik noait offisjeel ûntbine. Se neamde har wol wer Bosch, har famkesnamme. Neffens it befolkingsregister fan Ljouwert wie se oars De Haan syn húshâldster.

Al gau nei't se by De Haan ynluts, waard Bosch lid fan de anargistyske beweging fan Ljouwert. Yn 1921 waard se siktaris fan 'e pleatslike ôfdieling fan de Internationale Anti Militaristische Vereeniging (IAMV). Dy ôfdieling hie jierenlang om 'e tritich leden hinne en organisearre geregeld grutte iepenbiere gearkomsten. Ek de provinsjale Nooit Meer Oorlog-dei mei de oare ôfdielingen fan de IAMV fan 'e provinsje stie alle jierren op 'e aginda. Ek dêrfoar wie Bosch siktaris.

Wieke Bosch wie yn 1923 de earste kontaktpersoan foar it Vrije Jeugd Verbond. Ek ferkocht se jierrenlang it anargistyske wykblêd De Arbeider. It slagge har om jild by elkoar te krijen foar de anty-militaristyske fûnsen, lykas it Kantinefûns foar Tsjinstwegerers en letter it Stipefûns foar de slachtoffers fan prinsipjeel antimilitarisme.

Sadwaande kaam it Revolutionair Anty Militaristysk Propaganda Komitee Fryslân ta stân mei Bosch as siktaris. De organisaasje hie faak jildkrapte. Begjin 1929 moast Bosch in tal fan har funksjes opjaan fanwegen sykte. Gerben van Houten, in tabakskerver út Snits, folge har op. Ek by de IAMV ôfdieling moast Bosch har taak as siktaris opsizze.

Healweis de tweintiger jierren sette de Sintrale Ynljochtingentsjinst har op in geheime list fan revolúsjonêren. Op in list út 1926 stie se as juffer W. Bosch út Ljouwert.

Bosch spile fierders in belangrike rol by de lokale ôfdieling fan it Nij-Malthusiaanske Bûn (NMB). Dy warskouwe yn dy jierren foar de gefolgen fan oerbefolking en sette him al sûnt 1881 yn foar it gebrûk fan foarbehoedmiddels. It bûn woe de arbeider leare om syn húshâlding lyts te hâlden dat syn wolfeart tanimme kinne soe. It wurk fan it NMB naam foaral yn 'e tritiger jierren in grutte flecht, al waard it bûn flink tsjinwurke troch de oerheid en foaral de katoliken, dy't beide gjin foarstander wienen fan bertebeheining.

Der kamen konsultaasjeburoos yn ferskillende stêden, ûnder oaren yn Ljouwert. Bosch waard de behearster fan it Rutgershûs. Dêr koe se de arbeidersfroulju yn har eigen taal oansprekke. It levere har de bynamme 'Muoike Wieke' op. Letter hie se deselde rol ek yn Snits.

Yn 1937 kaam har freon Jan de Haan te ferstjerren. Hij waard 71 jier âld.

1940-1945[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As oertsjûge antymilitarist en anargist kaam Bosch al gau yn aksje doe't de Dútse troepen yn maaie 1940 Nederlân besetten. Se griep al ier yn 'e oarloch nei de pinne. Har 'Vonkgroep' yn Ljouwert hâlde him dwaande mei de fersprieding fan it liifblêd fan de soasjalistyske beweging en fierders mei it ferlienen fan stipe oan ûnderdûkers. Bosch brûkte it netwurk fan 'e IAMV fan foar de oarloch foar de kontakten. Sa regele se ûnder oaren ûnderdûkplakken foar minsken út West-Fryslân. Se sette Snitser Gerben van Houten oan om ek yn syn wenplak in Vonkgroep op te setten.

De stipe oan ûnderdûkers hâlde ek yn it leverjen dan persoansbewizen sûnder 'J'. De pasifistyske beweging hâlde der in eigen ferfalsingssintrale op nei. Op 19 novimber 1942 wist de SD troch it hiele lân leden fan de Vonkgroepen by de kraach te krijen. Ek Bosch pakten se op. Se smokkele briefkes mei warskouwings de finzenis út, mar de SD yn Ljouwert wie der fan op 'e hichte dat se kontakt hie mei ien fan 'e lanlike lieding.

Moannenlang siet se opsluten yn it Hûs fan Bewar. De SD fûn fierders gjin bewiis tsjin har, mar se lieten har lykwols op 9 maart 1943 dochs fia kamp Westerbork nei it konsintraasjekamp Ravensbrück oerbringe. Ravensbrück wie yn 1939 spesjaal oprjochte foar de ynternearring fan grutte oantallen froulike finzenen en wie sawol in straf- as in wurkkamp. Der sieten yn it kamp mar in pear froulju út Nederlân: tusken 1941 en 1943 wienen dat likernôch trijehûndert. Doe't Bosch dêr bedarre, wie se al oer de 60. Op grûn fan har jierren krige se in reade kaart. Sa'n kaart betsjutte frijstelling fan swier wurk. It gie om âldere froulju dy't op grûn fan har âldens feroardiele wienen ta it breidzjen fan sokken. Bosch moast op 'e naai- en linnekeamer oan 'e slach. Se trof dêr Trien de Haan-Zwagerman, de frou fan 'e âldste soan fan har ferstoarne freon Jan de Haan.

Yn it kamp neist Ravensbrück, Uckermark, waard in gaskeamer boud. Begjin febrewaris brocht de kamplieding in tal breidsters, wêrûnder Bosch, oer nei kamp Uckermark omdat se in reade kaart hienen. Ek Trien de Haan moast mei. Op 16 febrewaris 1945 selektearre de lieding út dy froulju in tal foar fergassing, wêrûnder acht froulju út Nederlân. Bosch wie ien fan dy acht.

Op 17 febrewaris wegere de gasynstallaasje tsjinst en dêrom moasten de neakene froulju mei in mitrailleur deasketten wurde.[1] Bosch kaam trije dagen foar har trijeensekstichste jierdei oan har ein.

Nei de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har dochter Wim van der Meulen-Zandstra liet op 20 september 1945 in berjocht yn 'e Ljouwerter Koerier sette, dêr't se yn fernijde dat se tynge krigen hie fan it Reade Kruis, dat har mem yn febrewaris 1945 yn konsintraasjekamp Ravensbrück stoarn wie.[2]

It blêd De Vrije Socialist betocht Bosch yn maart 1946: Het eenvoudige optreden van Bosch maakte haar niet alleen bemind onder de geestverwanten, doch dwong haar tegenstanders steeds respect af. Door haar onvermoeide geestkracht bleef zij steeds door-werken ook toen dit haast onmogelijk werd door de bezetting. Werd ze door velen Tante Wieke genoemd, voor nog veel groter aantal vrouwen is ze moeder geweest die ze met raad en daad bij stond in morele en andere zaken.[3]

Yn oare media bleau it stil.

Op 12 april 2024 makke it Frysk Fersetsmuseum te Ljouwert buorkundich dat de namme fan Bosch en dy fan Esmée van Eeghen (1918-1944) taheakke wurde sil oan in monumint mei de nammen fan fallen fersetsstriders. It museum ferklearre dat Wieke Bosch by de oprjochting fan it monumint yn 1995 nei alle gedachten oan de oandacht ûntkaam is. [4]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hazekamp, Arie), ONGEBROKEN IDEALISME De Friese anarchiste Wieke Bosch, in: De AS 202,p. 21-25
  • Hazekamp, Arend, Geestverwanten van Ferdinand Domela Nieuwenhuis Het vrije socialisme in Groningen, Friesland en Drenthe 1890-1940 , Grou, 2023 (Louise), ISBN 9789083269122.
  • Lankester, Bart, Kom vrouwen, aangepakt! De revolutie van socialiste Trien de Haan, Amsterdam, 2017 (Prometheus), ISBN 9789035143814.
  • Berendsen, Anna, Vrouwenkamp Ravensbrück, Utert, 1946 (W. de Haan).
  • Voerst van Lynden, Illy, Alleen de toekomst kan je ontnomen worden. De oorlogsjaren van Agnès de Beaufort, 2015 (Eigen beheer).
  • Walle, Hessel de, Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten, Dokkum, 2024 (Wijdemeer), ISBN 9789083344843.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berendsen, side 166-167
  2. De Ljouwerter Koerier, 20 septimber 1945
  3. De Vrije Socialist, 2 maart 1946
  4. Fries Verzetsmuseum, Fries verzetsmuseum voegt wieke bosch en esmée van eeghen toe aan verzetsmonument (12 april 2024)