Wettergeuzen
Wettergeuzen wienen frijheidsstriders dy't om 1567 útwykten. In soad Fryske wettergeuzen fan alderlei komôf wykten ûnder oaren fan Emden út, nei de Slach by Jemmingen, namen in soad minsken diel oan de lângongen fan de wettergeuzen.
Se foarmen earst in tuchtleaze binde desperado's , fol haat tsjin de Spanjerts en de roomske tsjerke. Kleasters mnoasten it faak ûntjilde. Har oanfallen op de Fryske kusten ( East-Dongeradiel, It Amelân, Warkum) barden ûnsystematysk, mar de steedhâlder Caspar de Robles koe har net de baas. Bekende nammen binne ûnder oare Jan Abels, Pibo fan Harda, Jan Bonga, Hartman Gauma Jelle Eelsma, Doeke fan Martena Homme fan Hettinga, Douwe fan Glins en Berthold Entens.
Earst nei de ferovering fan Den Briel ( 1672) komt der wat oarder en wurde de frijbûtsers dissiplinearre soldaten. Dan ferdwynt ek de namme. Fryslân levere likernôch likefolle wettergeuzen as Hollân en Seelân meiïnoar. Ut it Aldfryske gebiet kaam 60% fan it totaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|