Jan Abels

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jan Abels wie in wettergeus fan Dokkum. Syn útfalsbasis wie Emden: hy wie in broer fan Fokke Abels.

Jan Abels is berne yn Dokkum en is ien fan de wichtichste wettergeuzen út de begjinjierren fan de Tachtichjierrige Oarloch. Tegearre mei de legerlieder Loadewyk fan Nassau, de broer fan Willem fan Oranje hienen sy ien doel foar eagen: de oermastering fan Grins. Jan Abels hie sân skippen. De Amsterdammers Jan Broeck en Hindrik Thomassoan Laers holpen him. Mar de hartoch fan Alva ferslacht in pear moanne letter it leger fan Loadewyk. De wettergeuzen kinne neat mear dwaan, se nimme de flechtsjende soldaten mei en ferlitte de stêd. Jan Abels hiert heal febrewaris 1569 yn Norden in boat. Mei dy boat rôft er in West-Frysk skip mei tsiis en nimt in skip út Delfsyl yn besit. Ek plonderet er in Amsterdamsk skip. Hy helle mear manskippen oan en feroveret noch fiif skippen. Syn soan Focke dy’t op 1 april 1572 helpt Den Briel yn te nimmen, ferkeapet de spullen dy’t plondere binne yn Emden en Norden yn East-Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Abels, Jan.
  • Jan Abels yn it NNBW