Springe nei ynhâld

Wet gebrûk Fryske taal

Ut Wikipedy

De Wet gebrûk Fryske taal is in wet dêr't it brûken fan de Fryske taal yn it rjochtsferkear en it bestjoerlik ferkear yn fêstlein is. De wet is op 1 jannewaris 2014 fan krêft wurden. Troch de wet kinne Frysktaligen harren taal brûke yn de rjochtseal en yn kontakt mei bestjoersorganen. De wet beheind him by it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal net ta de provinsje Fryslân, mar jildt ek foar rjochtbanken dy’t de provinsje Fryslân as har wurkgebiet hawwe.

Offisjele talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn kêst twa fan de Wet gebrûk Fryske taal is fêstlein dat it Frysk en Nederlânsk de twa offisjele talen fan de provinsje Fryslân binne.

Orgaan fan de Fryske taal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynstelling fan it Orgaan foar de Fryske taal is ûnderdiel fan de Wet gebrûk Fryske taal. Dat orgaan hat in wetlik foech en sjocht ta op de tapassing fan de Wet gebrûk Fryske taal en rapportearret dêroer oan de minister fan Ynlânske Saken en it Kolleezje fan Deputearre Steaten. Doel fan it orgaan is de liksende posysje fan it Frysk en it Nederlânsk yn de provinsje Fryslân te befoarderjen.

It Orgaan hat ek in soarte fan Ombudsfunksje. It bringt it ferlet en de winsken fan de ynwenners fan Fryslân op it mêd fan it Frysk yn kaart. It Orgaan sjocht aanst ek ta op de krekte ynfolling fan it Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden dat foar de Friezen ûndertekene is en op it Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden dat foar it Frysk ûnder diel III ûndertekene is. Gemeenten yn Fryslân moatte tenei taalbelied meitsje neffens de wet. It nije Orgaan foar de Fryske taal sjocht dêr op ta. In soad gemeenten hawwe al taalbelied of binne dêr mei dwaande. De gemeenten It Amelân, Skiermûntseach, Skylge, Flylân en Weststellingwerf binne frijsteld fan dy ferplichting.

Bestjoersôfspraken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn kêst 2a wurdt de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) tusken Ryk en Provinsje wetlik ferankere. Dy bestjoersôfspraak moatte provinsje en ryksoerheid periodyk mei elkoar slute om de ferantwurdlikheden oangeande de Fryske taal en kultuer út te wurkjen. Kêst 2a seit ek dat ôfspraken dy't fêstlein binne yn ynternasjonale ferdraggen ûnderdiel wêze kinne fan de bestjoersôfspraak, sadat de bestjoersôfspraak breder wêze kin as allinnich it bestjoerlik ferkear en it rjochtsferkear. It Orgaan foar de Fryske taal sil tafersjoch hâlde op it ta stân kommen fan de bestjoersôfspraken en jout advizen oer de útfiering dêrfan.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]