Westlike Dvina

Ut Wikipedy
Rin fan de Westlike Dvina
De Dvina ûnder Ulla

De Westlike Dvina (Letsk: Daugava; Dútsk: Düna; Russysk: Западная Двина, Zapadnaja Dvina; Wyt-Russysk: Заходняя Дзьвіна, Zachodnaja Dzjvina) is mei 1020 kilometer de langste rivier fan it Baltysk gebiet.

De rivier ûntspringt yn Ruslân op de Waldajhichte, bewesten de stêd Tver. Dy hichte foarmet de wetterskieding mei de Dnjepr, waarns boarne tichteby dy fan de Dvina leit, en is sadwaande ek de skieding tusken de streamkrite nei de Eastsee en de Swarte See.

Nei 323 kilometer berikt de Westlike Dvina Wyt-Ruslân en nei nochris 328 kilometer Letlân, om 352 kilometer westiliker út te mûnjen yn de Golf fan Riga, part fan de Eastsee.

De streamkrite fan de rivier (87.900 km²) beslacht ek dielen fan Estlân en Litouwen.

De grutste stêden oan de Dvina binne Vitebsk in Wyt-Rusland en de Letske haadstêd Riga.

De Westlike Dvina wie al in wichtige hannelsrûte foardat de Dútske ridderoarder de rivier en omkriten ûnder kontrôle krige yn de 13e iuw.