Wasco County (Oregon)
Wasco County (Oregon) | ||
Wasco County yn de steat Oregon | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oregon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 26.670 (2020) | |
Oerflak | 6.200 km² (ynkl. wetter) 6.170 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 4,3/ km² | |
Oar | ||
Stifting | 11 jannewaris 1854 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
It rjochthûs fan Wasco County yn The Dalles | ||
Offisjele webside | ||
www.co.wasco.or.us |
Wasco County is in county yn it noarden fan de Amerikaanske steat Oregon en is ien fan de 36 countys fan dy steat. Neffens de folkstelling fan 2020 hie de county 25.213 ynwenners. Haadstêd en de grutste stêd is The Dalles. De county wurdt yn it noarde begrinzge troch de rivier de Kolumbia, dy't de grins foarmet mei de steat Washington. De namme fan de county komt fan de yndiaanske stamme fan de Wasko.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wasco County leit yn it noarden fan Oregon eastlik fan it Cascadesbechtme, dy't as in reinskaad funksjonearret en Wasco County dêrmei in drûch lânklimaat hat. De county hat in oerflak fan likernôch 6.200 km² mei 36 km² wetter. De county wurdt yn it noarden troch de rivier de Kolumbia begrinzge oan Klickitat County yn Washington, yn it easten oan Sherman County en Gilliam County, yn it súdeasten oan Wheeler County, yn it suden oan Jefferson County, yn it súdwesten oan Marion County en yn it westen oan Clackamas County en Hood River County. Yn de county leit it Mount Hood National Forest.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Celilo Falls oan de Kolumbia is foar likernôch 10.000 jier in hannelsplak fan yndiaanske stammen lykas de Wasko, Pajût en Warm Springs. Frânsk-Kanadeeske pelshannelers kamen yn de iere njoggentjinde iuw yn de kontreien en neamden de wetterfallen yn de Kolumbia Les Grandes Dalles de la Columbia (de grutte wetterfallen fan de Kolumbia), dêr't de stêd The Dalles dus nei neamd waard. The Dalles tsjinne ynearsten as in tuskenstop oan de Oregon Trail nei de delling fan de Willamette yn it westen fan Oregon. De Kolumbia wie troch de streamfersnellings dêre tige dreech om fierder oer te reizgjen, dus waard yn 1845 mei de bou fan it Barlowpaad troch de Cascades hinne. Troch de Donation Land Claim Act fan 1850 setten der in soad pioniers harren nei wenjen yn de county. Yn de folgjende jierren waard Wasco County in wichtich ferkearsmulpunt oer wetter en oer lân.
Op 11 jannewaris 1854 waard troch de wetjouwende macht fan it Oregon-territoarium Wasco County oprjochte en dy besloech doe alle lân fan it Oregon Territoarium eastlik fan de Cascades. De county wie doe mei in oerflak fan 340.000 km² de grutste county yn de Feriene Steaten. Hy rûn fan de Cascades yn it westen oant de Rocky Mountains yn it easten. Syn noardgrins wie de grins mei it Washington-territoarium. Doe't it Dakota-territoarium (mei de hjoeddeistige steat Wyoming ynbegrepen) yn 1861 foarme waard, it Idaho-territoarium yn 1863 en it Montana-territoarium yn 1864, waarden parten fan Wasco County bûten de grinzen fan hjoeddeistich Oregon oan dy gebieten ôfstien. Yn de rin fan de tiid tusken 1862 en 1908 spjalten oare countys yn east-Oregon harren fan Wasco County ôf, lykas Baker en Umatilla yn 1862, Grant yn 1864, Lake yn 1874, Crook yn 1882, Morrow yn 1885, Sherman yn 1889 en lang om let Hood River County yn 1908.
The Dalles waard fuortendaliks by de stifting oanwiisd as haadstêd fan de county.
Ferkear oer de rivier de Kolumbia waard beynfloede troch it bouwen fan de Bonneville-daam yn Multnomah County yn 1935 en The Dalles Daam yn 1957 yn Wasco County dêr't de Celilo Falls alhiel ûnder wetter troch kamen te lizzen.
Wasco County kaam wrâldwiid yn it nijs yn de 1980-er jierren troch de Baghwan-sekte, ek wol de Rajneesjpuram-beweging, in religieuze sekte mei Baghwan Sri Rajneesj as spirituele lieder, doe't leden dêrfan harren nei wenjen setten op in ranch by it plak Antelope, dy't se The Big Muddy neamden. Hja rjochten in gâns doarp op dy't se Rajneesjpuram neamden. Guon leden wisten sels in mearderheid yn it gemeentebestjoer fan Antelope te bemachtigjen. De sekte krige al rillegau in skeel mei it bestjoer fan de county oangeande boufergunnings en lângebrûk. Hja garren dakleazen út ferskate plakken yn de Feriene Steaten op en bring se nei de ranch. Dat waard sjoen om mear stimmen op te garjen om sa kontrôle oer it countybestjoer út te oefenjen. In opsetlike útbraak fan salmonella yn tsien restauranten yn The Dalles yn 1984 wiisde nei it hanneljen troch de sekte. Baghwan waard arrestearre doe't er besocht en flechtsje yn 1985 út de Feriene Steaten wei. Hy waard, mank mei sân folgelingen, troch de rjochtbank fan Wasco County feroardield ta it besykjen ta deaslach. Hy koe mei help fan in Alford plea, dêr't er skuld tajout, syn straf ûntrinne op betingst dat er it lân ferlitte moast.
De eardere Rajneesj Ranch is hjoed-de-dei bekend as de Washington Family Ranch en wurdt beheard troch in kristlike organisaasje dy't kamptsjinsten far de jongerein organisearret.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de sensus fan 2010 wennen der yn de county 25.213 minsken, wêrfan 10.031 hûshâldings en 6.540 famyljes mei yn totaal 11.487 wenten. De befolking bestie út 86,1% blanken, 4,4% yndianen, 0,8% Aziaten, 0,6% Pasifyske Eilanners, 0,4% swarten, 5,2% fan oare rassen en 2,5% fan mingde rassen. Etnysk sjoen bestie de befolking út 14,8% Hispanics, 19,8% Dútsers, 1% Ingelsen, 10,6% Ieren, 6,4% Amerikanen en 5% Sweden.
De trochsneed hûshâldingsgrutte wie 2,98 en de trochsneed âldens wie 41,7 jer. It trochsneed ynkommen wie $42.133 en it trochsneed famylje-ynkommen wie $50.279. 15,5% fan de befolking libbe ûnder de earmoedegrins
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan de county bestiet benammen út lânbou, lykas fruithôven, weet, fleisfee, út houtbewurking, elektryske opwekking, transport en toerisme.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stêden (incorporated cities)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oare plakken (census-designated places)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Chenoweth
- Pine Grove
- Pine Hollow
- Rowena
- Sportsmans Park
- Tygh Valley
- Wamic
Gemeentefrije plakken (unincorporated communities)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
|
|
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References en Further Reading op dizze side. |