Hood River County (Oregon)
Hood River County (Oregon) | ||
Hood River County yn de steat Oregon | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oregon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 23.232 (2016) | |
Oerflak | 1380 km² (ynkl. wetter) 1352 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 17/ km² | |
Oar | ||
Stifting | 23 juny 1908 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Offisjele webside | ||
www.co.hood-river.or.us |
Hood River County is in county yn it noarden fan de steat Oregon yn de Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2010 hie de county 22.346 ynwenners. It totaal oerflak is 1380 km², wêrfan 1352 km² lân en 28 km² wetter is. De county ûntstie op 23 juny 1908 nei in ôfsplitsing fan Wasco County. It haadplak is Hood River en de county allyk it haadplak binne neamd nei de rivier de Hood, dat in sydrivier fan de rivier de Kolumbia. De Kolumbia foarmet de noardgrins fan de county en is tagelyk ek de grins tusken de steaten Oregon en Washington. De county wurdt begrinzge troch Wasco County yn it easten en it suden, Clackamas County yn it súdwesten, Multnomah County yn it westen en oan de oare kant fan de Kolumbia oan de Washingtonkant troch Skamania County yn it noardwesten en Klickitat County yn it noardeasten.
De delling fan de Hood River hat in ferskaat oan hôven fan apels, parren en kjersen. De ferneamde Fruit Loop is in rûte dat by ferskate buorkerijen, wynhôven en fruitferkeapplakken lânsrint. De county leit tuskende berch Mount Hood en de rivier de Kolumbia, wêr't it yn de Kleau fan de Kolumbia leit en is in populêre bestimming foar surfers, mountain bikers, kuierders, skyers, kayakkers en noch folle mear.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De omkriten waarden earst bewenne troch yndianen. De earste blanke bewenners kamen yn dizze omkriten mei de Donation Land Claim yn 1854. De earste skoalle wie yn 1863 boud. Yn 1867 wie in dyk oanlein fanút The Dalles wei. Yn 1880 wennen der 17 famyljes yn de delling fan de Hood River. Letter yn de njoggentjinde iuw kamen der boeren fan Japanske, Finske, Dútske en Frânske komôf. Yn it begjin fan de tweintichste iuw wie de by de ynwenners fan de omkriten fan Hood River yn de noardwestlike hoeke fan doetiidske Wasco County de winsk en wurd in eigen politike ienheid. Op 23 juny 1908 waard Hood River County de 34e county yn Oregon. De Columbia River Highway fan Portland nei The Dalles wie reemakke yn 1922 en de ferbining tuske dizze plakken as ek mei Hood River waard in ein ferbettere.
It leechste punt is 18 meter boppe seenivo by Cascade Locks en it heechste punt is de top fan Mount Hood op 3424 meter hichte.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 22.346 minsken, 8173 hûshâldings en 5659 famyljes, wêrûnder 83,1% blanken, 0,5% swarten, 0,8% yndianen, 1,4% Aziaten, ),0,2% Pasifyske eilanners en 29,5% fan de befolking wie latino. Fan etnyske oarsprong wie 16,7% Dútsk, 10,6% Ingelsk, 9,8% Iersk en 3,8% Amerikaansk. Der wiene 9271 wenten yn de county. De trochsneed âldens wie 38 jier. It trochsneed hûshâldynkommen wie $51.307 en 9,5% libbe ûnder de earmoedegrins.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stêden (Cities)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Cascade Locks
- Hood River (haadplak)
Oare plakken (Census-designated places)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mount Hood
- Odell
- Parkdale
Gemeentefrije plakken (Unincorporated)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Clifton
- Dee
- Lenz
- Oak Grove
- Pine Grove
- Rockford
- Summit
- Trout Creek
- Winans
- Wyeth
Eardere plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bloucher
- Conway
- Dukes Valley
- Holstein
- Viento
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Interstate 84 rint troch it noarden fan de county by de rivier de Kolumbia lâns. Ek Oregon Route 35 is in wichtige dyk dat fan noard-súd troch de county rint tusken Hood River en Government Camp oan de helling fan Mount Hood. De Mount Hood Railrood is in 35 km lange spoarwei, oanlein yn 1909, dat Parkdale mei Hood River ferbynt. Frachttreinen ride noch oer it spoar, mar ek ekskursjetreinen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hood River County, Oregon (offisjele webside)
- Hood River County listing in the Oregon Blue Book
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: River County,_Oregon References, op dizze side. |